Wykoersjoch koroanasifers 21 oant en mei 27 augustus 2020

augustus 29, 2020 13:04

Yn Fryslân binne der fan ’e wike 37 koroanabesmettingen bykommen, aardich minder as de beide wiken dêrfoar. De sifers rinne yn ’e pas mei de lanlike. It tal testoanfragen is grut. De testkapasiteit is wer útwreide om de wachttiid te bekoartsjen.

Fan de 37 misken dy’t posityf reagearren wenje 23 yn de gemeente Ljouwert. Se binne net allegear mei-inoar yn ferbân te bringen, dat GGD Fryslân sjocht se net as ien kluster. De oaren wenje yn Súdwest-Fryslân (6), Tytsjerksteradiel (2) en yn De Fryske Marren, Harns, Heerenveen, Noardeast-Fryslân, Smellingerlân en Waadhoeke, allegear 1.

Ofrûne wike hawwe 4094 minsken har teste litten. Sûnder de ekstra drokte op Skylge mei te rekkenjen is dat in stiging fan 20 persint. It is foar de tredde wike dat de animo aardich tanommen is. Minksen mei klachten kinne har fia 0800-1202 en coronatest.nl teste litte yn Drachten, Ljouwert of Drylts.

De krapte op de testlokaasjes en by de laboratoaria kaam fan ’e wike lanlik en regionaal te praat. Der is gjin foarrangsbelied foar guon beropsgroepen. Yn de soarchsektor binne plannen foar in eigen testmooglikheid foar de eigen meiwurkers, sa’t de sikehuzen dy al hawwe. Dêr wurdt noch oer praat.

It opspoaren fan it firus stiet sintraal. Dat moat om fierdere fersprieding foar te kommen. Wat earder der dúdlikheid is, wat gauwer it yn te dykjen is. GGD Fryslân freget solidariteit. Wa’t gjin klachten hat moat him net teste litte wolle, want dat hâldt de boel mar op. It hat ek gjin doel.

augustus 29, 2020 13:04
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.