Wykoersjoch koroanasifers 14 oant en mei 20 augustus 2020

augustus 21, 2020 16:40

Nei twa wiken dat it oantal nije koroanagefallen yn Fryslân trije kear sa heech wie as dêrfoar, wie it fan ’e wike wat stabiler. In rekôrtal fan mear as fjouwertûzen testen levere 57 ynwenners op dy’t mei it firus besmet wiene.

Fan de hast 120 besmettingen yn Fryslân oant no yn augustus, hat sawat in fjirdepart dat op fakânsje yn it bûtenlân skipe. Dat blykt út in analyze fan GGD Fryslân. De tritich besmette provinsjegenoaten hiene yn tolve Europeeske lannen west; de measte yn Frankryk (9). Reizgjen is dus in risikofaktor. Dêrom dat GGD Fryslân minsken dy’t lêste wiken yn it bûtenlân west hawwe, opropt om ekstra alert op klachten te wêzen, sels as se yn in gebiet wiene dat aardich feilich achte wurdt.

Dokkum
De ôfrûne dagen binne der yn it noardeasten fan Fryslân gjin nije gefallen by kommen dy’t te keppeljen binne oan it saneamde koroanakluster Dokkum. It is noch efkes ôfwachtsjen oft it sa bliuwt. Yn dat kluster giet it om sa’n fyftich besmettingen dy’t mei-inoar te krijen hawwe. De besmettingen geane werom op ferskillende boarnen. De oerdracht barde meastal yn lytse selskippen yn ’e hûs of op it wurk. Der waard gjin ôfstân genôch holden en de minsken rûnen mei klachten troch.

It past yn it byld dat minister-presidint Rutte fan ’e wike sketste as de foarnaamste oarsaak fan it oprinnen fan de sifers. Dat GGD Fryslân stipet syn oprop om de selskippen thús lyts te hâlden, ôfstân yn acht te nimmen, by klachten fia 0800-1202 of coronatest.nl in test te regeljen en de karantêneregels nei te libjen. De karantêne hoecht gjin 14 dagen mear te duorjen, mar 10.

Skylge
Tiisdei is de tydlike testlokaasje op Skylge sletten. Yn seis dagen hawwe dêr 824 minsken mei klachten west, benammen jongelju fan camping Appelhof. Twa wiene posityf. Yn oare parten fan it lân bliuwt de teller fan mei koroana besmette Appelhofgongers op 12 stean. Dat by 14 kampearders is it firus fêststeld.

Testen
Fan ’e wike binne 4203 minsken test, 1338 mear as de wike dêrfoar, doe’t der ek sprake fan in rekôr wie. Ek sûnder de sifers fan Skylge hat GGD Fryslân mear test as yn oare wiken. As de minsken net nei de testlokaasje komme kinne, komt de GGD by harren thús.

Mei de 57 nije gefallen fan dizze wike is it firus sûnt begjin maart no by 767 ynwenners fan Fryslân oantroffen. Yn ferpleech- en fersoargingshuzen wiene dizze wike wer gjin positive útslaggen.

Foar it earst yn tsien wike binne wer minsken yn it sikehûs opnommen dy’t miskien wol koroana hawwe, neffens it Regionaal Orgaan Acute Zorg. Dy gefallen telle no noch net mei yn de sifers fan de GGD. Yn it oantal ferstoarnen feroaret neat. Dat bliuwt 69.

 

augustus 21, 2020 16:40
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.