Wittenskippers ûntdekke bonkekanker by dinosaurus

augustus 4, 2020 10:19

Kanadeeske wittenskippers hawwe foar it earst oanwizingen fûn dat dinosaurussen ek bonkekanker krije koene.

Sentrosaurus apertus (ôfbylding: Wikipedia/American Museum of Natural History – publyk domein)

Dat ûntdutsen paleontologen, doe’t se misfoarmingen op it fossyl fan in sentrosaurus nochris ûndersochten. Dy hoarnedinosaurussoarte, dy’t planten friet, libbe goed santich miljoen jier lyn yn in Kryt-tiidrek. It fossyl wie yn 1989 opgroeven yn de Kanadeeske provinsje Alberta en foel op troch in ôfwiking oan ’e kûtbonke. It like in genêzen brek te wêzen. Nij ûndersyk mei detaillearre CT-scans wiisde út dat it nei alle gedachten om in agressive foarm fan bonkekanker giet.

De tumor wie sa grut as in appel, sizze de wittenskippers yn in artikel yn it wittenskiplik tydskrift Lancet Oncology. Blykber waarden de grutte en sterke dinosaurussen troffen troch deselde sykten dêr’t minsken en bisten tsjintwurdich ek mei te krijen hawwe. Paleontolooch David Evans fan de universiteit fan Toronto tinkt dat de sentrosaurus ferswakke en ferlamme wie troch de kanker. Mooglik wie de sykte net de reden foar syn dea. De dinosaurus waard opgroeven yn in fjild mei dêryn rêsten fan hûnderten soartgenoaten. Wierskynlik waard de keppel oerfallen troch in oerstreaming.

augustus 4, 2020 10:19
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.