“Welsk wurdt praat om oer toeristen te rabjen”

augustus 9, 2020 20:17

Yn de Britske krante Financial Times wol in frommeske út Wales hawwe dat de Welsklju harren eigen taal foaral prate om oer toeristen rabje te kinnen. Lilke reaksjes fan lêzers hawwe derta laat dat de ynternetferzje fan it stik oanpast is. No freegje kenners fan de Welske taal harren ôf oft it Welsktalige frommeske net in optinksel fan in redaktrise is.

It stik fan redaktrise Aleksandra Wisniewska giet oer fakânsjefieren yn eigen lân. Yn it ramt dêrfan wurdt praat oer spannings tusken Welsklju en toeristen yn Wales. Frou Wisniewska sitearret in Megan dy’t “út eangst foar wraak” net mei har folsleine namme yn ‘e krante wol. Dy Megan fertelt dat der fanâlds spannings besteane tusken de oarspronklike befolking fan Wales en toeristen – benammen minsken dy’t in twadde hûs yn in Welsk doarp hawwe. Hja seit: “Dy spannings hawwe derta laat dat de Welsklju harren âlde Keltyske taal as wapen tsjin toeristen brûke.”

Megan seit fierder: “Nim it wurd saesneg. Dat betsjut letterlik Ingelsk, mar it wurdt faak op in misledigjende manier brûkt om twaddehuzebesitters oan te tsjutten. In oar wurd dêr’t men skerp op wêze moat is mochyn. Dat betsjut baarch. It is ek in skelwurd foar bûtensteanders.”

Al gau wiisden ferskate Welsktaligen derop dat wat Megan sei, net doogde. It wurd saesneg betsjut nammentlik allinnich Ingelsk yn de sin fan ‘de Ingelske taal’. It wurdt nea brûkt om nei minsken te ferwizen. It wurd mochyn wurdt fierders wol brûkt om oer minsken te praten, mar it is oars as it Ingelske pig gjin algemien skelwurd foar minsken dy’t jo net lije meie. It Welske wurd is in frij myld wurd foar ien dy’t tefolle yt.

Sjoernalisten fan oare nijsmedia fregen harren ôf wat de Financial Times krekt woe mei in anonym sitaat fol flaters. Yn WalesOnline skreau Simon Thomas: “Wa is Megan, freegje ik my ôf. Hoe is de krante mei har yn kontakt kommen?” Yn de Daily Post skreau Owen Hughes: “Fan de Financial Times hie ik mear kwaliteit ferwachte. Elke taal is ûnbegryplik foar minsken dy’t him net prate. En mei as wapen brûke wurdt gewoan prate bedoeld.” Oaren fregen harren ôf oft Megan net betocht wie troch ien dy’t sûner kennis fan saken in pear wurden opsocht hie yn in Ingelsk-Welsk wurdboek. Wer in oar frege him ôf oft Megan net gewoan in lilke toerist wie dy’t in kear spul krigen hie mei in pear Welskpraters.

augustus 9, 2020 20:17
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.