Waarpraatsje: Tanimmende kâns op in tongerbui

augustus 11, 2020 18:45

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER –  Mei goed 30 graden wie it tiisdei in Fryslân wer in tropyske dei. Woansdei sil it opnij tige waarm wurde.

Yn ‘e nacht fan tiisdei op woansdei is it helder, mar op guon plakken kin it ek wat bewolkt wêze. By in swakke oant matige eastewyn leit de temperatuer om de 20 graden hinne. In soele nacht.

Woansdei skynt de sinne wer flink, mar letter op ‘e dei is der ek kâns op tongerbuien mei miskien wol heil, wynpûsten en in soad wetter. It is dreech te sizzen oft der yn Fryslân ek buien falle sille, mar de kâns is grutter as tiisdei. De wyn komt út it easten oant súdeasten en is swak oant matich. Mei in temperatuer van 28 oant 33 graden wurdt it wer tropysk.

Tongersdei is it ek noch tige waarm, fan freed ôf bliuwt de temperatuer ûnder de 30 graden.

Jan Brinksma

 

augustus 11, 2020 18:45
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.