Waarpraatsje: simmerske dagen kommendewei

augustus 4, 2020 19:14

Foto © Jan Brinksma

In moaie dei hjoed, mei in westlike wyn. Dy draait jûn nei it súdwesten en wurdt wat krêftiger.

Fannacht komt der wat mear bewolking, mar it bliuwt drûch en it kwik sakket nei sa’n 12 graden. De wyn is dan súdlik en sil swak oant matich wêze, mar oan de kust en op ’e Iselmar soms frij krêftich.

De woansdei begjint mei wat bewolking, mar yn de rin fan de moarn brekt de sinne troch. De temperatuer sil om de 22 graden hinne lizze. De wyn is súdlik oant súdwestlik, oan de kust en op de Iselmar soms frij krêftich.

De kommende dagen sille sininch en tige waarm wurde. Snein en moandei kin it wol wat ôfkuolje, mar de waarmte bliuwt noch in skoft.

Waarnimmer

augustus 4, 2020 19:14
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.