Waarpraatsje: Noch ien dei tropysk

augustus 12, 2020 19:05

foto ©Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei in tige waarme nacht (Ljouwert 21,9!) wie it woansdei yn in grut part fan Fryslân wer goed 30 graden. Tongersdei is, nei alle gedachten, foarearst de lêste tropyske dei.

Yn ‘e nacht fan woansdei op tongersdei wikselje (wat) bewolking en opklearringen inoar ôf. De kâns op in tongerbui is yn Fryslâns net sa grut. By in swakke oant matige eastewyn leit de temperatuer opnij om de 20 graden hinne.

Tongersdei skynt de sinne flink, mar letter op ‘e dei is in tongerbui, miskien wol mei heil, wynpûsten en in soad wetter, wis net útsletten. De swakke oant matige wyn komt út it easten oant súdeasten, mar yn ‘e middei út ferskate rjochtingen. De temperatuer leit tusken de 27 en 32 graden.

Freed wurdt it (krekt) gjin 30 graden mear en kin der op guon plakken wer in tongerbui falle.

Jan Brinksma

augustus 12, 2020 19:05
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.