Waarpraatsje: Hjit

augustus 10, 2020 18:57

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It is al dagen hjit en drûch waar mei in soad sinne en der komme noch in pear tropyske dagen by.

Yn ‘e nacht fan moandei op tiisdei binne der opklearringen, mar der is sa út en troch ek (wat) bewolking. By in swakke oant matige eastewyn leit de temperatuer om de 20 graden hinne.

Tiisdei skynt de sinne wer in soad mar letter op ‘e dei binne der ek hingelwolken. De kâns op in bui is yn Fryslân net grut. De eastewyn is matich en mei temperatueren tusken de 29 en 32 graden wurdt it wer in tige waarme dei.

Woansdei en tongersdei binne ek tropysk waarm.

Jan Brinksma

augustus 10, 2020 18:57
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.