Waailân: dichters op it eilân

augustus 29, 2020 09:59

Fan 11 oant en mei 13 septimber organisearret Dichterskollektyf RIXT syn earste skriuwerswykein op de Folkshegeskoalle Schylgeralân op Skylge. Yn dat wykein komme dichters fan RIXT en fan it eilân by-inoar foar in útwikseling om mei-inoar te wurkjen oan nije fersen dy’t hja op it poadium bringe mei in einoptreden.

Foto: Folkshegeskoalle

Dichterskollektyf RIXT bestiet sûnt 2018 en hjoed-de-dei binne der mear as fyftich dielnimmende dichters by oansletten, elkenien mei eigen lûd en styl, in unikum foar Fryslân en de Fryske literatuer. It skriuwerswykein is nei oanlieding fan de winsk fan de oansletten dichters om de ferbining te sykjen, harren yn de poëzy te ferdjipjen en om mei-inoar poëzy te skriuwen en om op te treden.

Krektlyn hat it dichterskollektyf ek al mienskiplik poëzy skreaun mei de goed ûntfongen ‘Rigel fan Rink’. In wike lang hawwe yn de Skriuwersarke RIXT-dichters wurke oan it trochjougedicht, ‘De bui’. Allyksa sille de njoggen RIXT-dielnimmers en seis eilândichters mei-inoar poëzy yn it wykein Waailân kreëarje. Dat dogge se troch ynspiraasje faninoar en fan de omjouwing. Edwin de Groot, foarsitter fan it kollektyf, sil it barren yn goede banen liede.

Foto: Geart Tigchelaar

De dichters sille harren resultaten fan Waailân foardrage ûnder in mienskiplik optreden op sneontejûn, 12 septimber. Dat sil wêze op de Folkshegeskoalle en om 20.30 oere begjinne. Tagong is fergees, mar fanwegen de feilichheidsmaatregels moat der rekken holden wurde mei beheinde romte. Nei ôfrin sille de gedichten en in fideo fan it optreden publisearre wurde op de webside fan RIXT, www.rixt.frl, sadat de poëzy fan Waailân teffens digitaal tagonklik is.

It Skriuwerswykein ‘Waailân: dichters op it eilân’ wurdt mei mooglik makke troch de Provinsje Fryslân, Tresoar en de Folkshegeskoalle Schylgeralân.

augustus 29, 2020 09:59
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.