Wa wie Schurer?

augustus 18, 2020 10:12

Taspraak fan Peter Boomsma by de Fedde Schurerbetinking 15 augustus 2020

Peter Boomsma; foto © Jaap Cuperus

Rju achte minsken,

In stânbyld ûntbleatsje fan Fedde Schurer sûnder omtinken foar it Frysk, dat kin net. Ik ha op myn social media sein: beskamsum. Swiere wurden, mar Schurer is ek net de earste de bêste.

Mar wa wie Schurer?

Guon âlderen hjir sille him noch kenne. Hy kaam hjir yn 1946 te wenjen. Schurer waard haadredakteur fan de Heerenveense Koerier, dat wie de legale fuortsetting fan de yllegale De Koerier. ‘Miskien soe ik Hearrenfean net útsocht ha; goed, it hat my dan mar útsocht’, seit Schurer yn De besleine spegel.

Der wie yn dy tiid ûnder deftige Hearrenfeansters mar in bytsje respekt foar de Fryske taal. En Schurer spruts en skreau allinnich mar Frysk; it wie nútsjesmoar en gjin pindakaas. De Schurers diene wat de taal oanbelanget gjin konsesjes.

Earst wenne Schurer yn in kosthûs oan de Herenwal 71. Letter kamen syn frou Wil en soan Andries. Ein 1946 sette de húshâlding fan Schurer him nei wenjen oan de Burgemeester Falkenawei 80. Yn oktober 1955 folge de ferhuzing nei de J.H. Kruisstraat 6. It wiene hierwenten; by keap koe Schurer net fuort as er dat wolle soe.
Besit sei Schurer neat, wichtich wie in goede sfear om him hinne en genôch jild om boeken keapje te kinnen. Schurer hie gjin rydbewiis; miskien ha guon him noch wol riden sjoen op syn brommer, in Kaptein Mobylette.

Foar Kneppelfreed stie Schurer ek alris yn de belangstelling fan it hiele lân; dat wie yn 1929. Op ’e Lemmer waard Schurer learaar oan de kristlike basisskoalle. Yn de jierren 20 fan de foarige iuw wie er polityk aktyf foar de CDU, de Christelijk-Democratische Unie.

Yn april 1929, yn in rede yn Ljouwert, mei as titel Kristendom en oarloch, pleite Schurer foar nasjonale ûntwapening. Dat gie it bestjoer fan de skoalle fan De Lemmer te fier; Schurer waard ûntslein. En hy kaam op de swarte list van de Binnenlandse Veiligheidsdienst: ‘Talentvol en gevaarlijk spreker, vooral gevaarlijk voor jonge menschen.’

It waard tiid om bûten Fryslân te sjen; dat is altyd goed.

It waard Amsterdam. Yn 1930 giene Schurer en syn frou Wil nei de haadstêd; Schurer gie dêr oan it wurk oan in iepenbiere skoalle. Hy hat doedestiids ek noch Steatelid west yn Noard-Hollân, foar de CDU. Syn slogan wie: ‘Geen Führer, maar Schurer’. En fan 1956 –1963 wie Schurer lid fan de Twadde Keamer foar de PvdA.

Yn 1946 kaam it stel werom nei Fryslân. Schurer waard haadredakteur fan de Friese Koerier. Hy skreau alle dagen it haadartikel. Hy wie tsjin de atoombom, tsjin de Apartheid. Hy skreau ek Simson, in fersetsdrama. It wie in grut sukses, yn it Frysk en ek yn it Hollânsk. De Hearrenfeanster skouboarch wie alle jûnen útferkocht. Schurer spile sels de haadrol. Hy spruts prachtich, mar hy wie gjin akteur.

Dy jierren wiene syn Sternstunden.

Sa krekt nei de Twadde Wrâldoarloch wie de struktuer fan de Nederlânske maatskippij net slim oantaast. Tagelyk lykwols wurdt der ûnder it sichtbere nivo fan restauraasje en kontinuïteit in stribjen nei feroaring en fernijing sinjalearre, dat fuortkaam út ûnbehagen.

Ien dy’t him op 27 augustus 1951 knap ûnbehaachlik fielde wie de Lemster feedokter Sjirk van der Burg. Hy ried dy deis mei syn auto op ’e Seedyk; de dyk tusken De Lemmer en de Kúnder. Op in stuit naam er de ôfslach, troch it Bûtendykster lân, nei de Noardeastpolder. Dat wie koarter, mar ek in dyk yn eigen behear fan it wetterskip ‘De Zeven Grietenijen en de stad Sloten’. Allinnich mei in fergunning mochten jo der ride. Doe’t Van der Burg oanholden waard troch de plysje reagearre hy grimmitich. Hy wist neat fan in fergunning en woe de bekeuring foarkomme litte. Dat barde op 17 oktober 1951 foar de kantonrjochter fan It Hearrenfean.

Van der Burg woe Frysk prate, rjochter Wolthers liet de feedokter in oere wachtsje. Hy mocht alle talen prate, ‘doch alleen op datgene wat hij in de Nederlandse taal heeft gezegd, kan rechtens worden gelet.’

Schurer skreau dêrop it ferneamde haadartikel ‘De laatste man van de Zwarte Hoop’; dêr wie gjin wurd Frânsk by. Ik sitearje: ‘In de middeleeuwen is Friesland geplaagd door een Saksische bende, die de Zwarte Hoop wordt genoemd. Mr. Wolthers schijnt het er op gezet te hebben, deze naam voor zich en zijn gelijkgezinde collega’s te reserveren.’ Dit wie neffens it iepenbier ministearje in mislediging fan de rjochterlike macht. Op freed 16 novimber 1951 moast Schurer him te Ljouwert ferantwurdzje.

De feiten binne bekend. In te lytse seal; freeds wie der feemerk én de gewoane wykmerk, en Nederlân wie doe noch net wend oan demonstraasjes fan grutte omfang. Om koart te kriemen, de boel rûn folslein út de klau. Kneppel en brânspuit waarden ynset. It fenomeen Kneppelfreed wie berne.

Ek it heger berop ferlear Schurer. Mei Abel Herzberg as abbekaat: ‘Het is nonsens om te geloven, dat het in een kamer donkerder wordt als een extra lamp wordt opgestoken. In die zin moet men zeggen: De Friese cultuur is welbegrepen niet voor Friesland maar voor Nederland van belang.’

Der kamen grutte protestbyienkomsten en twa kommisjes. It ûndersyk fan de kommisje Kingma-Boltjes hold him dwaande mei it brûken fan de Fryske taal op it mêd fan it rjochtsferkear en late ta de wet-Donker. De kommisje-Wesseling hold him dwaande mei it ûnderwiis yn it Frysk en smiet de wet-Cals op.
En wat lês ik twa wike lyn de Ljouwerter, hast santich jier nei Kneppelfreed? ‘Europa wil ‘onverwijld’ meer uren Fries op de basisschool.’ Hoe kin dat? Wêrom is dat noch net regele? Der wurdt troch skoallen op grutte skaal gebrûk makke fan ûntheffings as it om it Frysk giet. Wy foldogge noch lang net oan it Europeeske Hânfest foar regionale en minderheidstalen. En der is in grut tekoart oan kwalifisearre dosinten Frysk.

Kom op, skoallen en âlders! Kom op, Fryske Steaten, deputearre Poepjes en it Ryk! Nim jim ferantwurdlikens! As ús kommissaris fan de Kening it hiel normaal fynt om oeral Frysk te praten, wa binne wy dan om neat of net genôch te dwaan? Der leit noch in soad terrein braak as it giet om it ûnderwiis yn it Frysk. En in grut part fan it tekoart hawwe wy oan ússels te witen.

Miskien ha wy yn dizze tiid gjin grutte kulturele lieders mear, lykas Fedde Schurer of Hendrik Algra. It fak fan skoalmaster hie eartiids ek folle mear status. Mei Schurer stie der gewoan in yntellektueel foar de klasse. De posysje fan de ûnderwizer is feroare. Jo koene jo yn de foarige iuw, as de universiteit sosjaal te heech grepen wie, profilearje as skoalmaster. En jo koene wrâldferneamd wurde yn Fryslân. Hie Schurer no libbe, dan hie er grif heechlearaar west.

Miskien kin de gemeente It Hearrenfean foar dizze grutte soan in kuierrûte meitsje. En graach omtinken foar Schurer yn it Museum Heerenveen. Ik kom net oan Ferdinand Domela Nieuwenhuis, mar ek Schurer is wichtich; net allinnich op it sosjale mêd, mar ek benammen foar de Fryske taal.

Ik slút ôf mei de moaie wurden fan ús grutte Fryske dichter Douwe Tamminga oer Schurer: ‘It bêste fers dat Fedde Schurer skreaun hat, is syn libben.’

Ik ha it sein!

augustus 18, 2020 10:12
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Hinke. augustus 20, 13:35

    Moai stikje skiednis. Nij foar my.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.