Wa set ‘Somewhere in Europe’ it bêste oer?

augustus 28, 2020 08:14

OERSETWEDSTRIID: “Somewhere in Europe” fan Liam Reilly

Alle kearen komt tydskrijft DE NIJE mei in wedstriid. Meidat de folgjende jefte oer Europa gear sil, is it no te rêden om it oersetten fan it liet “Somewhere in Europe” fan Liam Reilly. Dat wie de Ierske bydrage op it Eurofyzjesjongfestival yn 1990 en Reilly wûn der de twadde priis mei. De opjefte is diskear om dat liet oer te setten nei Fryslân.

In saakkundige sjuery sil de ynstjoeringen anonym hifkje en hechtet deroan dat dy sjongber binne. It boadskip moat bewarre bliuwe. Oersettingen yn it Frysk, Biltsk, Stellingwerfsk of Nederlânsk moatte foar 15 septimber 2020 stjoerd wurde nei redaksje.denije@gmail.com.

De haadpriis is in Harmonie-teäterbon fan € 150,00. Dêrneist binne der fiif cd-bonnen as treastpriis beskikber. It leit yn de bedoeling om yn ’e maitiid fan 2021 in lietemiddei te organisearjen mei de dielnimmers oan de wedstriid.

De fierdere details stean yn de lêste jefte fan DE NIJE, jiergong 2 nûmer 3 fan augustus 2020 op bledside 53. By de boekhannels fan Bruna en Primera en yn de supermerken fan Poiesz is it blêd dat hjirnjonken ôfbylde stiet foar € 4,95 te krijen. It opjefteformulier foar in abonnemint is hjirre te finen.

augustus 28, 2020 08:14
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.