Utstjoering fan Into The Great Wide Open

augustus 22, 2020 08:51

Yn gearwurking mei NTR presintearret Into The Great Wide Open op snein 30 augustus in útstjoering fol muzyk, keunst en mear. De Uitzending is de manifestaasje fan it festival dat gewoanwei op Flylân holden wurdt, mar dit jier net trochgean kin.

Vera Siemons (foto: Tom van Huisstede)

In fysike tolfde edysje fan Into The Great Wide Open komt dizze jiergong net fan de tekentafel. Dochs wurdt it festivalwykein net eilânleas. Yn gearwurking mei NTR naam it festival op Flylân De Uitzending op. Yn de oardel oere duorjende útstjoering sitte ûnder mear sesjes fan Spinvis en S10, dy’t op útnûging fan Into The Great Wide Open oan in nije plaat wurken op it eilân. Alma Mathijsen en Bonne Reijn sammelen oanstoarmjende sprekkers en skriuwers as Ray Fuego, Jerry Afriyie en Firoza Mulahella foar in spesjale edysje fan Op De Schans. De boskwachter nimt de sjogger mei nei plakken dêr’t oars poadia delstrike, Stout Konijn lêst foar yn ’e bosk en keunstner Rob Sweere bringt syn Silent Sky Project ta útfiering. De presintaasje is yn hannen fan Vera Siemons, fêste gast fan it festival en dj fan Vera On Track op 3FM.

S10 (foto: Tom van Huisstede)

De Uitzending is op snein 30 augustus om 19.00 en 23.45 (werhelling) te sjen op NPO 2 Extra, kanaal 88 (KPN/XS4all/Telfort). kanaal 222 (Ziggo) of fia npostart.nl/live/npo-2-extra en de webside fan Into The Great Wide Open. Nei de útstjoering sil it programma werom te sjen wêze op NPO Start.

Sneintejûn om 23.05 oere wurdt it konsert fan Spinvis dat op Flylân opnaam waard, yntegraal útstjoerd op NPO 2 Extra.

Op sneon 29 augustus om 18.30 oere stjoert de VPRO op NPO 2 Extra in útstjoering út mei hichtepunten fan de ôfrûne tsien jier Into The Great Wide Open.

Njonken De Uitzending kin Into The Great Wide Open ek yn ’e hûs helle wurde. Oangeande fragen oer ienlingen, bewegingen en feroaring makke de redaksje fan it festival in tydskrift fan hast 150 siden, mei proaza, essees, fotosearjes en mear. Der is ek in doaze te keap, mei dêryn moaie produkten fan alderhande befreone partijen.

augustus 22, 2020 08:51
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.