Undersyk: Fryske gemeenten ôfhâldich mei reinwettersubsydzjes

augustus 26, 2020 08:27

Swiere reinfal, mei mear as fyftich milimeter op ien dei, komt hieltyd faker foar yn Nederlân. Goede ôfwettering is essinsjeel om dat ferwurkje te kinnen, mar guon Fryske gemeenten binne ôfhâldich yn it subsidiearjen fan maatregels dêr’t boargers sels by helpe kinne om it reinwetter te ferwurkjen. Dat en mear docht bliken út ûndersyk fan beslist.nl, dat op basis fan KNMI-data, yn kaart brocht wêr’t yn Nederlân in protte rein falt en hokker lokale subsydzjes bydrage oan bettere reinwetterferwurking.

Foto: pixabay.com

Slimme reinfal en wetteroerlêst yn Fryslân
De ôfrûne fiif jier foel der jierliks yn trochsneed 930 mm rein de Fryske gemeente. Dat is trije milimeter mear as de lanlike trochsneed fan 927 mm. Foaral by swiere delslach, mei mear as fyftich mm yn in etmiel, is der kâns op wetteroerlêst. Yn Fryslân waard it ôfrûne desennium trettjin kear sa’n swiere reinbui registearre.

Lokale omstannichheden, lykas de lizzing en it grûntype, hawwe ynfloed op it risiko op wetterskea. Neffens sifers fan BlueLabel is der yn hast hûndert gemeenten sprake fan in ferhege risiko op wetterskea. Ljouwert, Harns, Smellingerlân en Eaststellingwerf binne gemeenten dêr’t it risiko op wetterskea heger is as (lanlik) yn trochsneed.

Faak gjin subsydzjes yn gemeenten mei ferhege risiko
Beslist.nl ûndersocht yn hoefier oft gemeenten harren boargers stimulearje om better mei wetter om te gean, fia in subsydzje of troch oare regelingen. Yn 136 gemeenten binne lokale subsydzjes foar it ôfkeppeljen fan de reinpiip (nei in reintonne), it oanlizzen fan griene dakken en it romjen fan tegels yn ’e tún.

Opfallend is it gegeven dat mar twa fan de achttjin Fryske gemeenten in reinwettersubsydzje oanbiede: Ljouwert en Smellingerlân. Dat binne lykwols net alle gemeenten dêr’t yn ’e provinsje it faakst swiere rein foel (Waadhoeke en It Amelân).

Blykber spylje noch net alle Fryske gemeenten yn op de tanimmende wetterproblematyk. Dat wylst boargers wol hieltyd mear belangstelling toane foar produkten dy’t derfoar soargje dat better mei reinwetter omgien wurde kin. Beslist.nl sjocht dat yn de ôfrûne perioade de belangstelling foar produkten lykas reintonnen, túnplanten en wettertrochlittende ûndergrûnen lykas grint flink tanommen is.

It folsleine ûndersyk, dêr’t ek de gemeentlike ferskillen by ynsichtlik makke binne, is te besjen op www.beslist.nl/info/regenwater.html.

augustus 26, 2020 08:27
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.