Uitmarkt 2020: Wende’s Kaleidoscoop

augustus 5, 2020 10:34

De Uitmarkt, dy’t al 43 jier de nasjonale iepening fan it kultureel seizoen markearret, giet dit jier wol troch, mar yn oanpaste foarm. Yn it lêste wykein fan augustus kin in breed oanbod oan foarstellingen fergees besjoen wurde; guon as livestream, oaren steane it hiele wykein online en in stik of wat kinne yn in seal troch in beheind publyk bywenne wurde.

Wende; foto © Robin de Puy

De NTR presintearret de sneontejûns Uitmarkt 2020: Wende’s Kaleidoscoop, in fiifensantich minuten lange ûntdekkingsreis by juwieltsjes fan muzyk, teäter en dûns lâns. Wende bringt bands, dûnsers, koaren, skriuwers en akteurs út de hiele wrâld wei byinoar op it toaniel fan Carré en lit se inoar útdaagje, ynspirearje en opinoar reagearje. Net alle nammen fan de artysten binne al bekend, mar wol dy fan Douwe Bob, Eefje de Visser, Nederlands Dans Theater, Claron McFadden, Cello Octet Amsterdam, Naaz, Torre Florim (De Staat).

Wende’s Kaleidoscoop
Doe’t Wende Snijders yn 2018 húskeunstner fan Koninklijk Theater Carré waard, ûntwikkele se it idee foar in eigensinnich minyfestival. It publyk moast him ûnderdompelje kinne yn in útdaagjende show, sûnder blokkeskema. Se makke in griemmank fan it Nederlânske kultuerlânskip: Wende’s Kaleidoscoop en de eerste edysje waard oerrompeljend neamd. De twadde yn 2019 hie noch mear sukses. It liet him oansjen dat de tredde net trochgean koe, mar troch mei de NTR en de Uitmarkt gear te wurkjen komt no in spesjale tv-edysje ta stân.

De tv-útstjoering is te sjen op sneon 29 augustus om 20.10 oere op NPO 2

augustus 5, 2020 10:34
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.