Twadde dichtbondel Geart Tigchelaar op Instagram-akkount @om.mers

augustus 22, 2020 08:44

Op 3 oktober 2020 wurdt de nijste dichtbondel, mei de titel Ommers, fan Geart Tigchelaar presintearre. Dat docht er yn ’e mande mei kollega-dichter Elmar Kuiper en dy syn nije bondel, Wite Mûle, Swarte Molke, jûns om 19:30 oere yn Jorwert.

Geart Tigchelaar (eigen foto)

Omslach troch Jelle Post

Yn ’e oanrin op de presintaasje wurde op it Instagram-akkount @om.mers foarpublikaasjes set. It earste fers ferskynt op woansdei 26 augustus. Tigchelaar hat earder proazagedichten op it webstee fan Dichterskollektyf RIXT publisearre en kaam der sa efter dat de foarm fan ’e gedichten tige gaadlik is foar it sosjale mediaplatfoarm. De dichter hopet sa dat syn wurk foar in breder publyk tagonklik is. Publyk dat ornaris net gau yn oanrekking komt mei poëzy.

De bondel, útjûn by Hispel, is Tigchelaar syn earste mei allinnich proazagedichten. Prozaysk fan styl, mar troch de kompaktens en de byldrike taal foarmje se poëzy. Yn Ommers spylje bonkerakken ksylofoan op ribbekasten, hat God bestjoer oer sânbakken en gûle boeken harren eigen siden wiet.

Geart Tigchelaar (1987) hat foar syn earste bondel leech hert yn nij jek de D.A. Tammingapriis wûn yn 2017 en de Obe Postmapriis foar syn Bomans’ oersetting Erik of it lyts ynsekteboek yn 2016. Yn 2018 waard syn earste roman Bêste jonge nominearre foar de Rink van der Veldepriis.

augustus 22, 2020 08:44
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.