‘De Kraak van de Kluis’ thús mei te belibjen

augustus 27, 2020 09:18

De Kraak van de Kluis is in teäterstik dat spile wurdt op sneon 26 septimber fan 19.43 oere ôf. Besikers dy’t in kaartsje keapje, kinne de produksje thús meibelibje. Hja wurde oanmoedige om dat te dwaan mei in âldere of just in jongere generaasje (fan 13 jier ôf). It stik waard makke yn it ramt fan 75 jier Frijheid. It is as ien fan de inkelde produksjes fan dit betinkingsjier oerbleaun.

Lolle Rondaan (boarne: Bildts Aigene)

Teatrale thúsbelibbing
De Kraak van de Kluis is oars as ‘normaal’ teater. Fanwege de koroanamaatregels is de produksje oer in oare boech goaid. Skriuwer Hein Jaap Hilarides bewurke syn skript en regisseur Sjoeke-Marije Wallendal betocht in wize om it thús te belibjen. Dy foarm hat yngrediïnten dy’t alle sintugen oansprekke.

It ferhaal en de spilers
De Kraak van de Kluis is in ferhaal oer ferset, ferried en leafde. In groep fersetsstriders ûntnadere yn 1943 it befolkingsregister út de klûs fan it gemeentehûs fan It Bilt yn Sint-Anne. Hja woene foarkomme dat jonge manlju nei Dútslân stjoerd wurde koene. Dy heldedie kaam harren lykwols djoer te stean.

Romke Gabe Draaijer fertolket de rol fan fersetsheld Lolle Rondaan út Bitgum. Riek, syn Amsterdamske oansteande wurdt spile troch Eline de Vries. De oare rollen wurde ynfolle troch Fryske akteurs lykas Theo Smedes, Marieke Swart, Frans Michael Verhagen, Jitze Grijpstra, Rienk Nicolai, Eke Born en oaren.

Kaarten binne te keap fia www.dekraakvandekluis.nl.

augustus 27, 2020 09:18
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.