Taalrykdom en bioferskaat yn Waadhoeke

augustus 4, 2020 08:04

Yn de nacht fan 28 op 29 july is yn Frjentsjer en Sint-Anne yn alle stilte mei in ferrassingsaksje omtinken frege foar it nije meanbelied fan gemeente Waadhoeke en it bioferskaat dat dêr in kâns troch kriget. De aksje bestie út it pleatsen fan buordsjes, dy’t mei-inoar in boeket foarmje. Op de buordsjes steane krûdenammen yn it Frysk c.q. it Biltsk om dêrmei it taalferskaat yn de gemeente te beklamjen.  Dêr wie de help foar ynroppen fan Praat mar Frysk fan de Afûk en Silence of the Bees. Wethâlder Jan Dijkstra: “It soe moai wêze as de ynwenners nei oanlieding fan dy buordsjes ris googleje en mei-inoar yn petear geane.”

Foto © Gemeente Waadhoeke

Santjin Biltske en Fryske blomme- en krûdenammen binne yn de twa ‘buordsjeboeketten’ opnommen lykas it Biltske Blauwe skoentsys en Ingelwuttel en it Fryske Juffer Lizeblom en Fûgelwikke.

It meanbelied yn Waadhoeke is sûnt ferline jier omfoarme nei ekologysk behear fan de bermen. Ien fan de redenen dêrfoar is it yn 2019 ûndertekenjen fan it bijepakt fan Silence of the Bees.

De minsken fan Praat mar Frysk setten earder al ris by nacht buordsjes yn Droegeham en Terherne om omtinken te freegjen foar it Frysk yn de publike romte. Op dy buordsjes stiene doe teksten as ‘Dit is in moai plakjom te tútsjen’. De buordsjes yn Frjentsjer en Sint-Anne binne bedoeld om benammen it petear oer bioferskaat op gong te helpen.

augustus 4, 2020 08:04
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.