Syklus fan it rekreëarjen

augustus 8, 2020 07:00 Fernijd

Yn de fyftiger jierren klauden we ekonomysk foarút. Thús wie it skrabjen om ’e kant! As ús mem wat nijs oanskafte foar de húshâlding, sei beppe wolris: ‘Tink der mar om, hjir komt in klap op as jim net sparje.’ No ja sis, seis opgroeiende bern en dan mocht se gjin steapelpanne foar it itensieden keapje? Der waard wat ôfwrotten troch ús allegear. Fakânsje? It wie der net. It wurd koene we wol, mar dat wie foar rike lju. Utfanhûs? Ja, wy giene wolris in wykje nei in omke en muoike. Rekreaasje? Dat wurd koene we ek net. Der wie foar ús gjin rekreaasje nei in eilân of Appelskea of sa. It wurd rekreaasje bestie miskien wol, mar it heucht my net dat it begryp yn de fyftiger jierren by ús yn it noarden fan Fryslân brûkt waard.

Dochs rekreëarren wy ek, op ús eigen wize, as ik deroer neitink! Nim no dy sneintemiddeis as it strieljend simmerwaar wie. As de soademiter, nei tsjerketiid, nei de Waadseedyk by it Skoar. Op ’e fyts, út Ternaard wei derhinne, mei in handoek en in âlde ûnderbroek mei tichtnaaide gulp. Wy wisten fan de seetijen. En wie it sa om trije oere hinne, dan koene je moai swimme, as je earst sa’n hûndert meter troch de blabber baaiden. Dan modderen we, wat swimmend, wat sparteljend, yn it sâlte wetter om. En hiene je dêr je nocht fan, dan blabberen we nei de dyk werom, spielden ús ôf yn de reidfeart neist de dyk en lieten ús yn de sinne drûgje tsjin de helling fan de dyk oan. Brún wurde, dat woene we, mar ek keet skoppe mei de jongfammen.

Want as je tolve trettjin jier binne, kidelet it testosteron ek al behoarlik. Wy wisten it as jonges. Fierderop, by it hokje fan dyksbehear, sochten âldere stellen dan ek wol eroatysk fertier. Dêr woene je wol wat fan sjen. Tsja, sa ha ik Renny en Suske wolris mei harren freonen kraaien heard. Sjen koene we se amper. Dy twa moaie fammen, mei perfoarst in protte hout foar de doar, wiene de doarpshittepetitten. Dêr efter dat hokje wie de brâning! Wy fertelden der inoar grutte ferhalen oer. Minstens sa moai as wat je no yn telefyzjeprogramma’s sjogge. Dat wie dan dus in partsje fan ús fertier. In diel fan ús rekreaasje. Dat barde yn elk doarp oan de Waadkust. Fansels, it keatsen en kuorbaljen kaam ek op en foar oaren de gymnastyk. Mar wy wisten net dat soks rekreëarjen hiet. De kloften folk bleauwen ek yn ‘eigen gebiet’.

Doe kaam der yn de sechstiger jierren mear en mear wolfeart. Yn dy jierren wiene der pommeranten dy’t mear woene mei it gea. Der moast yn Fryslân mear frjemd folk lutsen wurde om de ekonomy te stimulearjen. Yn programma’s fan Fryslân Dok, mei Eelke Lok en Johan van der Zee, kinne je weromsjen hokker wylde plannen der somtiden opset waarden. In oantal boargemasters woe in daam nei it Amelân. It strân fan it Amelân soe fol rinne mei minsken en der soe wettersport op it Waad komme. Toerisme, foar ús doe in nij wurd, soe wolfeart bringe. Jild en tabak! De Dongeradielen yn de ‘vaart der volken’. Dat soe rekreaasje wêze! Der soe wat te belibjen wêze yn dy deade Dongeradielen. Altyd dat sjongen oer ‘blier laitsjend boulân’ ensafuorthinne, dêr koene je net fan ite! It wiene fan dy mannen dy’t, krekt sa as de lettere pommeranten fan LF2018, reuring woene. Hoe dan ek, it luts Dútsers en Hollanners mei jild nei de Waadkust. Oan dy Dútsers en Hollanners wie wat te fertsjinjen… Dy lju begûnen âlde klinten op te keapjen en te ferbouwen ta rekreaasjewenningen. It waard ek noch stimulearre troch de oerheden. Sa koene krimpgebieten in opstjit krije nei ekonomyske wolfeart. Dat dy minsken begûnen te seuren oer stank fan dongbulten fan boeren, en in protte dingen fan de autochtoanen ûnnoazel fûnen, foel pas letter op. Earst hallelujaferhalen oer de rêst en de romte, mar it duorre net salang as doe kaam de trek nei Baly, Sri Lanka, Turkije en ik wit wol net wêrhinne. De rekreaasjewenningen kamen wer te keap en it binne no faak rottige kiezzen yn in wengebiet.

En no binne we al sa’n fyftich jier fierder. Ik kom noch wolris yn myn berteplak. De stilte is bleaun. Krimpgebieten binne it wurden, of wiene se dat altyd al sûnt de meganisaasje begûn? In nije generaasje is dwaande om opnij de rekreaasje nei de Waadkust te heljen. ‘Holwerd aan Zee’, ‘Sense of Place’, ‘Dark Sky oan de Waadkust’, tsjonge jonge, in soad lju dy’t luchtballonnen oplitte. Moai allegear…

Ynienen krige ik in brainwave (ja, ek mar efkes in Ingelske term). Soe it koroanafirus ús ek net wat nijs bringe kinne oangeande nije perspektiven foar rekreaasje en toerisme? Wy sneintemiddeis allegear wer mei in fleske dropwetter, sa’t we dat yn de fyftiger jierren meinamen, nei de seedyk. Wat fytse, wat swimme, wat strune, wat skulpkes sykje en sa. En dan wer minsken út eigen kontreien, want fleane nei fiere lannen moat út wêze. Foar alles better… It soe wolris wer mienskip jaan kinne dêr’t sa om roppen wurdt. Gjin legacy-gedoch troch lju dy’t der ûnnedich oan fertsjinje, mar der miljoenen mei fergrieme. Dát is it nije rekreëarjen, it nije toerisme!

Joute de Graaf

Dit ferhaal stie yn De Nije 2.1 – april 2020. It wûn de twadde priis yn de ferhalewedstriid fan dat blêd.
augustus 8, 2020 07:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.