Subsydzje foar staazjeplakken yn Fryslân

augustus 28, 2020 10:29

De provinsje Fryslân wol ûndernimmingen en organisaasjes stimulearje om studinten in feilich staazjeplak oan te bieden. Troch de koroanakrisis hawwe in soad studinten it yn it ôfrûne jier dreech hân om in staazjeplak te finen. Oaren moasten mei harren staazje ophâlde. Bedriuwen oare (finansjele) prioriteiten of koene troch de koroanamaatregels gjin feilige staazje garandearje.

Alle Fryske potinsjele staazje-oanbieders (útsein oerheden) kinne in fergoeding by de provinsje oanfreegje. De stazjêr hoecht net perfoarst studint te wêzen fan in Fryske ûnderwiisynstelling. Foar in staazje dy’t tusken de 280 en 400 oeren duorret, kin it staazjebedriuw € 1.000 oanfreegje. Foar in staazje dy’t mear as 400 oeren duorret is it bedrach € 1.500.

augustus 28, 2020 10:29
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.