Stúdzje: sproeiferbod oerdeis hat amper effekt

augustus 18, 2020 10:04

Nij wittenskiplik ûndersyk fan ûnder oare it KNMI en de Wageningen Universiteit toant oan dat it amper wat útmakket oft boeren oerdeis of jûns it lân bereine. Boeren en túnkers besproeie harren grûn en gewaaksen om derfoar te soargjen dat de fiedselfoarsjenning yn stân bliuwt. Lange tiid waard tocht dat sproeien yn de nachtlike oeren foar folle minder ferdamping soargje soe. No’t dat net wier blykt te wêzen, sil LTO Noard op koarte termyn mei de wetterskippen om ’e tafel om it ûnsinnich ferbieden fan oerdei sproeien foar te kommen.

Foto: pixabay.com

Petear mei wetterskippen
LTO Noard wol behelle wurde by beslútfoarming oer sproeiferbodden. Bestjoerder Trienke Elshof fan LTO Noard achtet oanmetten regels nedich. “Oft bereind wurde moat, hinget hiel bot ôf fan de hoemannichte rein dy’t der falt, de grûnsoarte en de gewaaksen dy’t de boer of túnker ferbout. Der moat in soarchfâldige ôfwaging makke wurde, in algemiene regel foar in grut gebiet hat dêrom gjin sin.”

Ferantwurde wetterferbrûk
Yn alle gefal by it boubuorkjen, dêr’t no de rispinge oanbrutsen is, is it needsaaklik dat de gewaaksen lykas ierappels, woartels, sipels en biten genôch wetter krije. Blombollen hawwe no minder wetter nedich. Elshof: “Boeren begripe hiel goed dat se yn dagen fan ekstreme hjitte ekstra sunich mei wetter omgean moatte en nimme dy ferantwurdlikheid.” LTO Noard en syn boeren en túnkers sette ek foaral yn op technyske ynnovaasjes lykas presyzjebereining en it ferbetterjen fan ’e boaiemkwaliteit. Dêrtroch spielt it reinwetter net direkt fuort en kinne gewaaksen better fiedingsstoffen opnimme.

Mear ûndersyk nei bereining
De ûndersikers kundigen oan dat op in letter stuit mear ûndersyk nei alle fasetten fan it sproeien winske is. LTO Noard wachtet mei belangstelling de resultaten dêrfan ôf.

augustus 18, 2020 10:04
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.