Spaanske kening stjoert syn heit it lân út
Resint ferskynd
Juan Carlos, de eardere kening fan Spanje, is it lân út. Spaanske media dogge te witten dat syn soan, de hjoeddeiske kening Felipe, him fuortstjoerd hat. Juan Carlos wie yn allegear skandaaltsjes behelle.
Yn 1975 waard Juan Carlos kening fan Spanje. Hy moast doe fan de diktatuer dy’t Francisco Franco benefterlitten hie, in demokrasy meitsje. Dat er troch Franco as opfolger útkeazen wie, is him wol neidroegen. De ôfrûne jierren kaam er lykwols yn it nijs om saken dy’t him yn Spanje swierder oanrekkene wurde.
Yn 2012 ûntstie opskuor, doe’t buorkundich waard dat Juan Carlos mei oerheidsjild yn in priveefleanmasine nei Botswana ta flein wie om op oaljefantejacht te gean. Yn dy tiid gie it tige min mei de Spaanske ekonomy en wie de wurkleazens oe sa heech.
Yn 2018 makke in frommeske buorkundich dat hja de maîtresse fan Juan Carlos wie en dat de Spaanske geheime tsjinst har warskôge hie dat hja har libben en dat fan har bern yn gefaar bringe soe as se dat buorkundich makke.
Yn 2014 droech Juan Carlos it keningskip oer oan syn soan Felipe. Yn 2020 begûn de Spaanske justysje mei in ûndersyk nei de rol fan Juan Carlos by it takennen fan in kontrakt foar in spoarline yn Saoedy-Arabië oan Spaanske bedriuwen.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje