Sneon 15 augustus: Fedde Schurerbetinking

augustus 11, 2020 08:27

No sneon 15 augustus organisearret de Jongfryske Mienskip in Fedde Schurerbetinking op It Hearrenfean. Dy wurdt holden by it nije plak fan it stânbyld fan Schurer oan de Tsjerkestrjitte en set om 10.30 oere útein. Tal fan sprekkers sille stilstean by it wurk fan de Dichter en Strider foar ús taal.

Fedde Schurer, byld fan Guus Hellegers op It Hearrenfean (foto © Gemeente It Hearrenfean)

Opskuor
De ûntbleating fan it stânbyld fan Fedde Schurer op 25 july lêstlyn wie in protte minsken mar min nei it sin. Yn de nûging waarden flaters makke en by de ûntbleating sels is der eins gjin wurd oer it wurk en de striid fan Schurer foar de emansipaasje fan it Frysk sein. Boppedat is der suver gjin wurd Frysk sprutsen. “Dat wie foar ús reden genôch foar dizze lytse betinking. Wy meie wol stelle dat in protte taalrjochten, lykas it brûken fan ús eigen taal yn de rjochtseal, fuortkommen binne út de taalstriid fan begjin fyftiger jierren dêr’t Kneppelfreed it absolute hichtepunt fan wie. Dêr wolle wy rjocht oan dwaan!” seit inisjatyfnimmer Sijbe Knol.

Betinking
De betinking is sneon 15 augustus. Der sil in ferskaat oan sprekkers wêze lykas Peter Boomsma, skriuwer fan it boek Kneppelfreed. Dêrneist sil skriuwer Willem Schoorstra in skôging jaan oer it wurk fan Schurer en it plak dêrfan yn dizze tiid. Binne der oerienkomsten of just net? Boppedat wurde der gedichten en ferhalen fan Schurer foardroegen troch ûnder oaren PvdA-riedslid Betty van der Ven, skriuwer Aant Jelle Soepboer en Sander Hoekstra. “Wy sille ôfslute my it sjongen fan it Frysk Folksliet en dêrnei kin elk dy’t dat wol in blomke by it stânbyld dellizze. Mei dizze betinking wolle wy de opskuor ombûge ta in moai en weardich momint’’ seit Chris van Hes, foarsitter fan de Jongfryske Mienskip. “Dêrom ha wy wethâlder Broekhuijzen ek nûge om nochris in praatsje te hâlden. Hy tinkt der noch oer nei en wy hoopje dat er der gewoan by is”, seit Knol.

Koroanafirus
Fanwegen it koroanafirus en de jildende maatregels sil de organisaasje derop tasjen dat elk him oan de regels hâldt. Der hat kontakt mei de gemeente west. It stânbyld stiet yn ’e bûtenlucht en om it stanbyld hinne is in soad romte. Parkearjen kin tichtby yn de parkeargaraazje.

augustus 11, 2020 08:27
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.