Snein fjouwer swimmers yn see ferdronken

augustus 10, 2020 09:17

Der binne snein fjouwer manlju ferstoarn, nei’t se yn see yn ’e problemen kaam wiene. Ien swimmer kaam om it libben yn Wijk aan Zee, ien yn Zandvoort en de oare twa yn De Haach.

Foto: pixabay.com

By Egmond aan Zee is sneintejûn in skoft mei boaten en helikopters socht, om’t ien sjoen hie dat in famke it wetter yngien wie en der net mear útkaam. Underwilens giet de feilichheidsregio derfan út dat it in falsk alarm wie. “Yn it sykgebiet is neat fûn. Der leine gjin klean op it strân en der is gjin mist persoan opjûn.”

It earste slachtoffer waard om 13.00 oere hinne út it wetter helle op it Haachske Suderstrân en reanimearre. De man fan 28 ferstoar yn it sikehûs. Om 16.30 oere hinne waard in man fan 24 út see helle. Hy waard ek reanimearre, mar ferstoar op wei nei it sikehûs.

De swimmers yn Wijk aan Zee en Zandvoort waarden sneintejûn út it wetter helle. Yn Wijk aan Zee giet it om in man fan om de fyftich hinne, de man yn Zandvoort wie ein tweintich. De Rêdingsbrigade Nederlân seit dat meiwurkers oan ’e kust tsientallen kearen yn aksje komme moasten om minsken út see te heljen.

By de hiele Hollânske kust lâns, fan Hoek fan Hollân oant Den Helder, is de reade flagge hyst. Dat betsjut dat it ferbean is om de see yn te gean. Der waarden ek NL-alerts ferstjoerd dêr’t yn warskôge waard foar gefaarlike streamingen yn see. In wurdfierder fan de rêdingsbrigade De Haach sei dat troch in kombinaasje fan de ôflannige wyn en de streaming yn see sprake is fan in “tige ferriederlike situaasje”. Dêr kaam by dat it tige drok op it strân wie. Helpferlieners koene hast net mei auto’s oer it strân ride.

De rêdingsbrigade fan De Haach warskôget moandei ek foar gefaarlike streaming yn ‘e see. It advys is om net fierder as oant de knibbels it wetter yn te gean.

augustus 10, 2020 09:17
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.