Slutend bewiis fûn dat wy it klimaat opwaarmje

augustus 15, 2020 13:39

No’t we it iene temperatuerrekôr nei it oare oan it liif fiele en de lêste wike de hytste ea wie yn Nederlân, falt it opwaarmjen fan it klimaat hast net mear te leagenjen. Mar der binne der noch hieltyd dy’t miene dat soks in natuerlik proses wêze kin. Lykwols is dat no ek net mear fol te hâlden, want wittenskippers ha it slutende bewiis fûn dat de broeikasgassen dy’t it minskdom útstjit de oarsaak fan de opwaarming foarmje.

It iene waarmterekôr jaget langer it oare

Neffens it KNMI kaam in dei dat it kwik oprint nei mear as tritich graden yn de earste trije desenniums fan de foarige iuw yn trochsneed yn Nederlân goed ien kear yn it jier foar (1,1 dei); de lêste trije desenniums binne der trochinoar al omtrint fiif fan sokke tropyske dagen jiers (4,8 dagen). Hjitteweagen folgje inoar yn in hieltyd heger tempo op. In lanlike hjitteweach is in rige fan op syn minst fiif simmerske dagen (mei in maksimumtemperatuer fan 25,0 °C of heger) en dêrfan minimaal trije tropysk (mei in maksimumtemperatuer fan 30,0 °C of heger) yn De Bilt. Yn de hast hûnderttweintich jier dat de temperatueren sekuer genôch byholden wurde, ha der 29 west; trettjin dêrfan, dus omtrint de helte, yn de lêste tweintich jier. Wylst der bygelyks tusken 1923 en 1941 gjinien hjitteweach wie en tusken 1948 en 1975 likemin ien, kamen der de lêste trije jier fiif foarby: sawol yn 2018 as 2019 twa en no ien mei in nea earder yn De Bilt metten rige fan acht tropyske dagen efterinoar. De maksimumtemperatuer op de hjitste dei fan it jier lei boppedat oan it begjin fan de tweintichste iuw mar krekt boppe de tritich graden, mar komt hjoed-de-dei gemiddeld al op goed 33 graden út, mei foarich jier sels in útsjitter nei 37,5 graden. Wylst wrâldwiid de trochsneedtemperatuer 1,1 graad omheech gien is, rint de heechste maksimumtemperatuer te uzes trije kear sa hurd op. De wykgemiddelde maksimumtemperatuer wie noch nea earder sa heech as dizze wike: 33,2 °C. En wa’t mei de switkobben op it liif besocht yn ‘e sliep te kommen, sil it net fernuverje dat it middelsifer fan minimumtemperatueren fan ‘e wike allyksa rekôrheech wie: 19,8 °C. Der wiene ôfrûne wike sels trije tropyske nachten (dat binne nachten mei temperatueren boppe 20,0 °C ). Dêr wiene der yn de foarige iuw mar twa fan (yn 1925 en 1978). Yn dizze iuw hawwe we der al 5 belibbe (yn de jierren 2004, 2008, 2010, 2018 en 2019). Mar dan noch mar ienris yn it jier; no dus trije kear yn in wike tiid.

Ien en ien hoecht net altyd twa te wêzen, sizze guon

Gjin niget dat men net folle mear heart fan minsken dy’t tinke dat it wol wat tafalt mei it opwaarmjen fan ús klimaat. Lykas bekend, wurdt as oarsaak it tanimmend oantal broeikasgassen – dy’t waarmte fêsthâlde – sjoen, mei as foarnaamste koaldiokside. Troch minsklike aktiviteiten (yndustry, ferkear, lânbou, ûntbosking) is de konsintraasje fan benammen dat broeikasgas yn de atmosfear tanommen fan 280 partsjes op in miljoen luchtdieltsjes (ppm) yn 1880 nei 415 ppm yn 2019, mei in faasje yn de lêste jierren fan 3 ppm it jier. It gelyk mei-inoar oprinnen fan konsintraasjes broeikasgassen en temperatuer liket genôch bewiis foar de rol fan de minske yn de klimaatferoaring. Mar noch hieltyd wurdt troch in protte minsken, mooglik mei dreaun fan eangst dat hja harren hâlden en dragen yngeand feroarje moatte, útholden dat der noch wol oare oarsaken wêze kinne. Faaks komt it troch waarmte fan de sinne of fulkanisme, sizze hja. Of leit de oarsaak wol by ús, mar komt it troch waarmteferliezen en moatte we dêr wat oan dwaan. Al dy troch klimaatskeptisy op it aljemint brochte alternative oarsaken binne ûndersocht en trochrekkene, mar de opwaarming is der net mei te ferklearjen. Dan sille der noch oare oarsaken wêze, dy’t wy net witte, miene stiifkoppige klimaatskeptisy.

Empiryske befêstiging fan opwaarming troch broeikasgasútsjit

Temperatuerferoaring oer de hichte fan de atmosfear yn graden it desennium. Boarne: Steiner et al. 2020.

Okkerdeis is der lykwols ûndersyk publisearre dat streekrjocht de relaasje tusken de klimaatopwaarming en de broeikasgassen leit. De wize fan opwaarmjen ferskilt by broeikasgassen nammentlik fan oare mooglike oarsaken. As der in ûnbekende waarmteboarne wêze soe, soe dy de atmosfear egaal opwaarmje. Mar broeikasgassen lizze as in tekken oer de ierde en hoe tichter by it ierdoerflak, namste broeisker as it wurdt. Dat is fan dy gefolgen dat it yn de troposfear (= de ûnderste 10 oant 17 km fan de dampkring), hieltyd waarmer wurdt, mar dat it hegerop, yn de stratosfear, just ôfkuollet. Want de ile luchtlagen yn de stratosfear krije minder waarmte fan ûnderen út de troposfear trochjûn wylst se harren waarmte noch wol útstriele nei de romte. Dat prinsipe wie fansels bekend, mar no is it slagge en krij empiryske befêstiging troch in kombinaasje fan mjittingen oan ‘e grûn, yn waarbalonnen en fan satelliten oer in oantal desenniums te analysearjen. Dêr docht dúdlik út bliken dat it opwaarmjen fan de troposfear al fjirtich jier mank giet mei in ôfkuoljen fan de stratosfear. En dat is net oars te ferklearjen as mei de tanimmende konsintraasjes broeikasgassen. It oanbelangjende wittenskiplike artikel is hjir te lêzen.

augustus 15, 2020 13:39
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.