Sinteklaas komt fan ’t jier sa’t liket net nei Nederlân ta

augustus 4, 2020 13:21

Foto: pixabay.com

In pear jier lang wie it de fraach of Swarte Pyt noch wol meikomme soe út Spanje. No is it dêrnjonken ek tige ûnwis oft Sinteklaas wol komt. Der is op it stuit noch gjin gemeente dêr’t Sinteklaas as earste wolkom is.

Doardt en Grins hiene earder wol niget om de Sint wolkom te hjitten op Nederlânske grûn, mar de organisaasjes dêre hawwe der mei de nije koroanaregels net folle fidúsje yn dat it goedkomt.

Oft Sinteklaas Grins hoe dan ek oandocht, is sels net wis. Harrie van Ham, foarsitter fan de Vereniging voor Volksvermaken, tinkt dat de kâns op it stuit fyftich persint is dat de besite hielendal oergiet. Safolle minsken byinoar is op it stuit net tastien. “Nu is al wel duidelijk dat het niet zonder meer mogelijk is om dit in 2020 te organiseren”, seit er. Hy wol noch besjen oft de Sint miskien allinnich wolkom hjitten wurde kin troch bern. Foar harren is koroana minder gefaarlik en hja drage de sykte ek net sa fluch oer. Alden soene dan fierderop in plak krije moatte. It wurdt lykwols dreech om mei de hieltyd feroarjende regels op ’e tiid in fergunning oan te freegjen, ferdútst Van Ham.

Ferskate gemeenten hawwe al te witten dien dat de Sint by harren fan ’t jier net wolkom is.

augustus 4, 2020 13:21
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. A.Kramer augustus 8, 13:19

    Der binne lytsbern, dy’t no al de nachtsjes sliepe
    oan it ôftellen binne. It sil in hiel grutte teloarstelling
    foar harren wêze as Sinteklaas net of miskien wol noait wer komt. Der moat in oplossing wêze.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.