Simone Djurrema: Gelokkich op it Sweedske plattelân

augustus 29, 2020 20:00

Kollum

Simmerdeis is it moarns betiid ljocht. Ik helje myn moaie nije fyts út ’e reade skuorre en gean mei de hûn te fytsen. De sinne skynt, alwer, en de hûn is blier en draaft braaf njonken my. Underweis gean ik fan ’e fyts ôf om wat blomkes te plukken foar op ’e terrastafel. Ik nim se mei yn it nije fytskuorke foar op it rekje. In haske naait út as wy deroan komme en fierderop sjoch ik in ree.

Op ’e weromreis fyts ik by de buorfrou lâns dy’t by de foardoar in kopke kofje drinkt foardat se de bern nei skoalle sjocht te krijen. Ik goai myn hier oer it skouder en rop bliid: “Åh! Livet på landet!” (Och it libben op it plattelân!)

Dat barde echt! Oant en mei dat ik dat rôp. Dat die ik om’t it werklik fielde as sa’n Facebookmoarn, sa’n instagrammomint. Ik wappere sels mei it hier!

En sa fielde it ek echt, mar no krije jimme de doch-mar-gewoanferzje.

Ik smyt moarns wat klean oan dy’t dochs al yn ’e wask moatte en tink: earst fytse en it hûshâlden, dan lekker dûse. It hier wol net sitte, dat ik sjoch der net sa út as dy instagrammers, dy’t blykber mei make-up op sliepe en noch lang gjin 47 binne. Ik helje de fyts út de reade skuorre en betink dat ik better de hûn dêrnei ophelje kinnen hie. It giet wat knoffelich as se de hiele tiid alle kanten út rint te snuffeljen. As we op wei binne kin ik hast neat sjen, om’t de sinne noch sa leech stiet en my krekt yn ’e eagen skynt.

Blomkes, ik wol blomkes hawwe, der groeit hast neat mear om dizze tiid fan it jier.

Dêr! Ik set de fyts oan ’e kant fan ’e wei en rin it lân in stikje yn. Yn ’e kûlen ferstûkje hast it ankel. Fan de dyk ôf like it hiel wat, mar no sjoch ik dat alles hiel fier útinoar stiet. En it gers is noch wiet, dus myn fuotten no ek. Oan ’e knibbels ta. Der leit yn alle gefallen wat yn it kuorke as ik fierder fyts.

O nee! In hazze!!!

De hûn begjint as in gek oan ’e riem te skuorren en wol der fansels efteroan! Ik hâld har wol, mei har trijensantich sintimeter en krap fjirtich kilo, mar it fytst fansels net sa lekker. As se lang om let de hazze fergetten is, sjoch ik in ree yn ’e fierte. No mar hoopje dat de hûn dy net sjocht. Gelokkich, se sjocht him net.

By it leechsteande leave húske fan de buorlju parkearje ik de fyts en fyn ik moai wat blomkes. Wat in moai plakje! Ik wist net dat der noch in fiver efter de boskjes leit!

Wy fytse it lêste stik nei hûs ta en dêr sit de buorfrou by de foardoar. Se sjocht der ôfgryslik slieprich út en hat in kop kofje yn ’e iene hân en in peuk yn ’e oare. Ek gjin Facebook-instagrammateriaal, wylts se aardich jonger is as ik. Ik sjoch it kontrast tusken myn eigen Facebook-instagramsituaasje en harres (ik bin de hazze, de wiete fuotten en myn uterlik skoan fergetten), goai it hier oer it skouder en rop bliid: ”Åh, livet på landet!” en ik hâld ho om in praatsje te meitsen.

It is in skat. Wy hawwe it sa troffen mei ús leave buorlju. Se hiene al trije bern en doe kaam der in twilling, dat dan meie je sa no en dan wolris wurch wêze, dochs? Troch it finster sjoch ik in pamperkontsje en wat boartersguod ferskinen. Tiid foar bourfrou om der wer yn te gean.

Ja, dat wie op myn frije dei.

Op de oare dagen wurkje ik gewoan, ek wol yn it wykein. Ik tocht dat dat net safolle útmeitsje soe no’t de bern grut binne, mar dat docht it dochs wol. Mar foarút, ik haw noch nea safolle fertsinne as hjir yn Sweden. De leanen lizze heger foar de legere ynkommens as yn Nederlân. Spitich genôch haw ik noch wol wurk dat ik eins net lije mei, mar ik bin noch gjin fyftich, dat ik sil noch wolris wat fine dat ik werklik moai fyn. It waar is ek net altyd moai, mar de dampichheid leit hjir meastal op sa’n fjirtich en yn Fryslân faak op njoggentich, dat hjir fielt it faak minder kâld of minder benaud.

Wy binne hjir net hinne ferhuze om’t we op fakânsje op it lân fereale wurden wiene. Wy hiene hjir noch nea west. Wy kamen hjir om’t we bûtenút wenje woene en soks yn Fryslân net te beteljen wie. Dat ús doel wie wurk en wenje. Dat is tige slagge, moat ik sizze. En it is ús dus ek nea ôffallen om’t we it fakansjegefoel misten. We hawwe yn it gewoane libben mear in fakânsjegefoel as we yn Nederlân hiene.

Earlik sein sitte de Facebook-instagramferzjes my yn ’e holle, en net dy echte. Sa fielt it gewoan!

Simone Djurrema-van der Wal út Garyp wennet sûnt 2015 mei har man en bern yn Mellerud yn Sweden.

 

augustus 29, 2020 20:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.