Simone Djurrema: Besite

augustus 1, 2020 20:00 Fernijd

Kollum

Dit jier hawwe fansels de measte minsken dy’t mei de fakânsje plannen hiene om nei it bûtenlân te reizgjen dy plannen omgoaid. Foaral as se nei Sweden soene. Sweden hat it bêst bedoarn! Dat ús besite doarde it, ek mei alle skrikferhalen dat fersekeringen net jilde soene en sa, net oan. Op in Facebookside foar Swedenleafhawwers wie der ien dy’t tocht: ik belje de fersekering ris op! Dy sei dat it wetlik net iens mooglik is dat de fersekering net jildt en dat eltsenien yn Europa rjocht hat op sûnenssoarch. En autofersekeringen en sa hawwe neat mei koroana te meitsjen dochs? It wie allegearre geharrewar yn it nijs, op websteeën, ja oeral!

Hoe doarden minsken de grins oer te gean mei it risiko om siik te wurden en yn in oar lân in kostber plak yn it sikehûs yn beslach te nimmen! Hoe doarden se it te riskearjen om immen oars as ynwenners fan syn eigen lân te besmetten?

Ik hâld de alternative media ek wol wat yn ’e gaten en it falt my op dat der ynformaasje op te finen is dy’t goed nei te sykjen is yn de statistiken. Dan ferdwine de problemen net, mar dan wurdt de panyk al in stik minder. Ynformaasje oer dat der yn 2018 yn Nederlân mear minsken oan gryp stoarn binne as dit jier oan koroana. En dat it mar in lytse leeftiidsgroep is dy’t kwetsber is. Ynformaasje fan sjirurgen dy’t op basis fan jierrenlang ûndersyk en ûnderfining sizze dat de maskers neat jouwe tsjin firussen, mar brûkt wurde tsjin it fersprieden fan dripkes. Dat de sjirurgen in nijen pakke sadree’t se fochtich wurde, want oars giet harren prestearjen mjitber efterút as se harren eigen azem ynkrije. En dat se nea wurkje meie as se ferkâlden binne.

Ik slaan it allegearre op, mar wit fierder like min as de measte minsken wat ik mei sokke ynformaasje moat. Want as elkenien ropt om in faksin, omdat elkenien dêrom ropt, dan harket der dochs net ien mear… Mar dit wit ik wol: Hoe yn ’e leave frede kinne se oer in faksin prate as de antylichums nei koarte tiid út it lichem ferdwine? Wolle se ús om de twa moanne ferplichte ynintsje? Nederlân hat al 300 miljoen faksins kocht dy’t noch net iens wurkje, en dat bart miskien ek net. Trijehûndert miljoen, dat betsjut miskien yndied dat der om de twa moanne yninte wurde moat, want safolle ynwenners hat Nederlân net foar safier’t ik wit.

Sweden hat no grif ek al djoere kontrakten tekene mei produsinten fan faksins dêr’t noch net fan bewiisd is oft se goed binne. Ik ferrek it! Ik lit my net folspuitsje mei hastich dertroch dreaune medisinen om’t it oars weismiten jild is.

Mar werom nei de besite: dat wiene der dizze kear net safolle, al komme der healwei de simmer faaks noch in pear by, mar dochs is it mar rêstich by ús. Myn suster woe wol graach mei de húshâlding yn ’e kamper komme. Sy wurkje mei wurk en deibesteging yn in wenfoarm. Dat betsjut dat se foarsichtich libje om de bewenners te sparjen. En se witte dat wy ek sawat isolearre libje, dat se weagen de sprong en reizgen hjirhinne. It foel har op dat it by ús hielendal net sa wie as se yn Nederlân oer Sweden sizze. “Dêr dogge se neat oan de fersprieding fan it firus, sizze se yn Nederlân!” sei se. “Mar ik sjoch oeral fleskes desinfektant stean, elkenien draait op ôfstân ominoar hinne, net ien fûstket, it is like goed, of misskien noch better as yn Nederlân!” Mar dat wisten de minsken dy’t myn foto op Facebook seagen fansels net…

Simone (links foaroan) en har suster (derneist) yn pizzaria La Min yn Mellerud

Ik hie myn suster-en-dy útnûge om by in hiel goede pizzaria te iten, om’t se dêr de bêste pizza’s hawwe, mar ek om de o sa aardige eigenaresse yn dizze swiere tiden oan wat klandyzje te helpen. Om noch wat ekstra reklame te meitsjen moast der fansels in foto op Facebook. De reaksjes fariearren fan ‘Lekker ite’ en ‘Wat lykje jimme opinoar’ oant it wat drystere ‘Dêr binne wy flakby.’ Myn Facebookfreonen binne leaf, dat dy hâlde harren fatsoen, mar der kaam ek in dochs wol wat twiveljend ‘Moai dat dat koe yn dizze ûnwisse tiid’ en it dochs wol wat teloarstelde ‘Leuk… wy doarden net om nei Sweden te gean… Mar in protte wille…’

En dan fiele je je dochs wol ferplichte om út te lizzen dat it bûten is, dat myn suster, sweager en muoikesizzers allinnich mar mei ús yn oanrekking kaam en heechút in kear nei de winkel gie om iten. Dat wy ek hast net ien treffe… Dat ik lêsten test bin, omdat ik ferâlden wie en dat ik gjin koroana hie.

Myn suster hie op it wurk al sein dat se hjir hinne soene en dat se sa koart bliuwe soene dat se noch yn karantêne kinne foar’t se wer begjinne te wurkjen. Wy hawwe allegearre in protte út te lizzen yn dizze tiden.

Mar it wie prachtich om harren nei oardel jier wer te sjen en der barde ek wat hiel moais! Jimme witte miskien noch dat ik ris skreau dat ik der sa’n spyt fan hie dat ik myn widdofyts fuortdien hie om’t ik tocht dat ik hjir in mountainbike hawwe moast. In mountainbike sit ferskriklik en ik miste myn deagewoane mar dierber oer-Nederlânsk fytske o sa bot! En doe krige ik in splinternije fyts fan myn suster en sweager! Ik mei wol sizze dat ik de triennen yn ’e eagen hie. Wy binne net wend om dat soarte kado’s oaninoar te jaan. In prachtige dofswarte widdofyts! Dat no kin ik wer fytse troch it hiele Dalslanske lân!

Us heit en mem komme oer in wike as wat. Heit en mem, as jimme dit lêze: de latte leit heech dit jier!

Simone Djurrema-van der Wal út Garyp wennet sûnt 2015 mei har man en bern yn Mellerud yn Sweden.

 

 

augustus 1, 2020 20:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.