Sijbe Knol foarsitter FNP-Steatefraksje

augustus 30, 2020 16:02

Sijbe Knol (boarne: FNP)

De FNP-fraksje yn Provinsjale Steaten hat Sijbe Knol keazen as nije fraksjefoarsitter. Corlienke de Jong, dy’t hast seis jier fraksjefoarsitter wie, hâldt dermei op.

Corlienke de Jong fan Jutryp: “Ik hâld op mei it fraksjefoarsitterskip en it lidmaatskip fan de Steatefraksje en haw myn sit oan de partij weromjûn. Myn baan as dosint oan it Friesland College is – al hielendal yn dizze koroanatiid – net mear te kombinearjen mei it wurk foar de provinsjale Steaten fan Fryslân.”

Sijbe Knol (29) fan Sint-Anne: “Corlienke hat foar de FNP yn 2015 en 2019 mei oan ’e widze stien fan twa koälysje-perioaden. Se hat it te drok mei har oare wurk. Dat respektearje wy.” Rein van der Wal fan it Surhústerfean sil nei alle gedachten it frijfallende plak fan De Jong ynnimme. Sybren Posthumus fan Reduzum wurdt vice-fraksjefoarsitter.

Knol kaam yn 2016 yn de ried fan Menameradiel en dêrnei yn dy fan Waadhoeke. Sûnt maart 2019 is er vice-foarsitter fan de FNP-fraksje yn Provinsjale Steaten. Knol: “It is in grutte ferantwurdlikheid. De FNP is de grutste regionale partij fan it lân en hat de lêste jierren in fernijingsslach trochmakke. Ik ha der sin oan om dy line troch te setten.”

augustus 30, 2020 16:02
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.