Rjochter ferbiedt skoalfúzje om effekt op Welske taal

augustus 3, 2020 13:47

In grutte fúzje fan lytse plattelânsskoallen yn it Welske greefskip Rhondda Cynon Taf is fan ‘e baan. De rjochter hat de fúzje ferbean, om’t dy op kosten gean soe fan de Welske taal.

Alve skoallen foar basis- en fuortset ûnderwiis soenen fusearje moatte, sadat der trije grutte skoallen ûntstiene. Dat soe betsjutte dat in soad learlingen langer ûnderweis nei skoalle ta wiene. Foar guon learlingen dy’t no op in Welsktalige skoalle sitte, soe it betsjutte dat se nei in Ingelsktalige skoalle ta moasten, om’t Welsktalich ûnderwiis te fier fuort is.

In groep âlden hie in protest tsjin it bestjoer fan it greefskip oanspand om de fúzje foar te kommen. Harren abbekaat Rhodri Williams hie ûntdutsen dat de Welske ûnderwiiswet krekt wat oare bewurdings brûkt, dy’t it ferbiede om skoallen sa te reorganisearjen dat dat op kosten fan it Welsk giet. De Ingelske tekst wie dêr wat minder dúdlik oer.

Neffens Williams is it oardiel fan de rjochter ek in opstekker foar it Welsk as taal fan de rjochtsspraak: “Men kin tenei nea wer sizze dat de Ingelsktalige ferzje fan in wet opleit hoe’t dy wet ynterpretearre wurde moat. Elkenien dy’t krekt witte wol wat de wet yn Wales seit, moat fan no ôf beide taalferzjes bestudearje. Lang om let hat in rjochter derfoar soarge dat de twa talen fan Wales juridysk lykweardich binne.”

augustus 3, 2020 13:47
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.