Ried fan Europa seit it wer: der moat mear Fryske les komme

augustus 5, 2020 10:31

Foto: pixabay.com

De skoallen yn Fryslân lûke fierstente min tiid út foar it Frysk. Faak is dat mar 45 minuten wyks. Dêrmei foldocht Nederlân net oan de ynternasjonale ferplichtings op it mêd fan de soarch foar minderheidstalen. Dat sizze de ynternasjonale saakkundigen dy’t út namme fan de Ried fan Europa it Fryske taalbelied besjoen hawwe.

It tal lesoeren moat neffens de saakkundigen “onverwijld” omheech. Dat jildt ek foar skoallen foar fuortset ûnderwiis, dy’t it Frysk faak allinne mar yn ’e earste klasse oanbiede. It fak Frysk soe ek yn hegere jierren op it program stean moatte.

Cedin yn Drachten is op it stuit dwaande mei it skriuwen fan in nije opset foar it skoalfak Frysk. De foarriedige plannen binne te finen op kurrikulum.frl. Der is al in soad krityk op kommen, fan ûnder oaren heechlearaar Frysk Goffe Jensma, om’t de nije opset noch tige op ’e âlde liket en net folle ambysje sjen lit.

augustus 5, 2020 10:31
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Abe augustus 6, 19:19

    Sokke rapporten fan ‘Europa’ ferskine om it hurdsje, dit sil it fjirde, fyfte, sechsde sa njonkelytsen wol wêze, en it boadskip is altyd itselde. Har lot is ek altyd itselde, se ferdwine op it Provinsjehûs dalik yn it grutte rûne argyf. Mar dêr is fansels gjin rjuchtsaak mei te begjinnen, dochs? En al soe dat wol sa wêze – dan is mei soks fansels gjin inkeld publisitêr foardiel te berikken, dochs? Mar dan freegje ik: wêrom sa’n berjocht dan noch publisearje? Masochisme? O nee, polityk-bestjoerlike gearwurking. De beweging jout de provinsje reden om ,,wat” te dwaan, en de provinsje docht krekt as docht se ,,wat”. Elkenien bliid, taal dea.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.