Rekreaasje (ferhaal)

augustus 22, 2020 07:00

By it wurd ‘rekreaasje’ kin men tinke oan in ‘pretpark’, in dieretún, in swimplak, in fytstocht, in boatreis of sokssawat. Myn bedoeling is om wat te fertellen oer myn fakânsjes fan eartiids, ek rekreaasje…

As jonkje (ik bin fan 1941) hawwe wy in pear kear mei ús heit en mem nei Himmelum west. Mem wie dêr geboaren, en as wy by omke Sieger en ‘muike’ (tante) Anne op ’e pleats wiene, prate sy ek wat Gaasterlânsk… Ik sil doe 7, 8 jier west ha. Wy fytsten dêr út Drylts wei ‘gepakt en gezakt’ hinne.

Dat wie in hiel ein, mar dêr stiene jo doe net by stil. Yn it hôf stie in parrebeam dêr’t hiele moaie giele parkes oan groeiden. Dy smakken goed mar wiene gauris wat bûksiik…Oan fruit dus gjin gebrek. Neef Knilles hie moai boartersguod, dêr fermakken wy ús wol mei. Mear wit ik der net mear fan. It heucht my noch wol dat omke Sieger in kear oan ’e iterstafel himsels wat omheech treau en in skeet liet… Wy krigen der as bern suver in kleur fan, dat wiene wy thús net wend!

De pleats op ’e Soal tusken Himmelum en Warns, dy’t sûnt 1844 bewenne troch de famylje De Vries. Mar ‘de tand des tijds’ hat syn wurk dien…

Nei Himmelum giene myn suster Ieke en ik wolris nei Longerhou. Dêr wennen (âld)omke Sybren en tante Janke. Dy minsken hiene sels gjin bern en soargen goed foar ús. Omke prate wat ûndúdlik. Nei it iten lies er út de Bibel, dêr’t wy it measte net fan ferstiene. En hy slute altyd ôf mei de fraach: wat wie it lêste wurd?? As wy it net wisten wie dat net sa slim…, mar wy skerpen ús wol op ûnder omke syn bibellêzen!

Doe‘t ik in jier as 12, 13 wie gie ik nei Allingawier mei fakânsje, nei omke Jan en tante Annig. In strieën kofferke mei wat ekstra klean en skuon efter op ’e fyts en dan op nei de ‘Mar’ sa’t heit en mem altyd seine. In grutte gesellige húshâlding, en rynsk fan iten en drinken.

Omke Jan wie neist boer ek feekeapman. Hy koe middeis nei ’t iten hiel moai foarlêze út de Fryske Wumkesbibel. Doe nea by stilstien, mar no tink ik: wat bysûnder, omke Jan bibellêze yn it Frysk!
Dêr boarte ik mei myn neef Ruurd. Wy giene wolris nei de sneldyk by Boalsert en notearren de autonûmers. Letter A wie Grinslân wit ik noch, en B wie Fryslân. Wy soene ek ris stikem mei noch wat maten besykje om yn in einekoai ûnder Piaam te kommen. Mar, de eigener krige ús yn ’t fizier en kaam ús efternei. Lokkigernôch koene wy ûntsnappe!

Ek gie ik wolris nei Dedzjum, nei omke Wiebe (boer) en tante Anne; omke wie in koartswilige man. As ik letter ris troch Dedzjum kaam mei de auto tocht ik wolris: wat moast ik hjir doetiids yn fredesnamme… Mar wy boarten mei neef Jan en guon buorjonges, knikkerje OER de dyk, dat wie fêst pandoer. En yn in lege stâl hie Jan in miny-boerebedriuw makke. Tsien bonkjes wiene de kij, in grutte bonke wie de bolle. Wy meanden sabeare gers en makken hea, alles foar ús kij.

Yn 1956 ha ik nei Teksel mei fakânsje west. Mei syn fjouweren as maten út Drylts fytsten wy nei Den Helder en doe mei de boat oer. Dochs in aardige distânsje! Wy wiene op Teksel yn it C.J.M.V-kamp (Chr. Jonge Mannen Ver.) en slepten yn tinten. Op dat kamp ha wy ús goed fermakke want de lieding fûn fan alles út. Hurdfytswedstriden, speurtochten, spultsjes, strânkuiers ensfh. De lieders wiene allegearre mannen dy’t wy mei ‘oom’ oansprutsen. Bygelyks oom Balthus, oom Ruud en oom Henk.

Mei dyselde ploech giene wy in jier letter nei in kampearbuorkerij yn Nijverdal. Wer op ’e fyts, we wiene hast in dei ûnderweis. Nijverdal wie wol in gesellich plak. Yn in kafetaria stie in jukebox.

Dêr kamen wy gauris, ús favorite muzyk wie: Tutti Frutti fan Little Richard, en When the Saints go marching in fan de Dutch Swing College band. Dat wie wer ris wat oars as De Selvera’s mei de Postkoets en Zie de boerinnekes de rokjes zwaaien…

Om dy lêste twa fakânsjes te bekostigjen hie ik twa jier fjirtjin dagen lang yn Drylts op ’e fabryk fan Bouke Plantinga wurke. Reedizers ôfknippe, pûnzje, stroompealtsjes ôfsnije, en soksoarte wurk. Dat wie ek wer in nije ervaring yn jo libben. Ik siet doe op ’e Mulo yn Snits, en dan sitte jo foar it earst yn it ‘arbeidsproces’. Moarns 7 oere begjinne, oant middeis fiif oere. Ik fertsjinne 20 gûne yn ’e wike, heit sei dat it in goed lean wie.

Dêrnei gie ik noch wolris nei Amsterdam nei ome Klaas en tante Sjaan. Dy wennen op in boppehûs oan de Admiralengracht. Wie foar my ek wer in bysûndere ervaring, se wennen trijeheech en der wie gjin lift. En middeis ieten se even ‘een boterham’, dat kaam my ek wat frjemd oan. Mei nicht Welly en neef Hans giene wy rinnende of mei de tram troch Amsterdam. Doe haw ik ek foar ’t earst yn it Ryksmuseum west. De Nachtwacht fan Rembrandt makke wol yndruk op my. Dêr hong er no, dat wrâldferneamde skilderij!

Frits Boschma

Dit ferhaal stie yn De Nije 2.1 – april 2020. It wûn de tredde priis yn de ferhalewedstriid fan dat blêd.
augustus 22, 2020 07:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.