Protte ûndersyk nei koroana blykt net betrouber te wêzen

augustus 1, 2020 21:22

In soad ûndersiken nei koroana binne net goed útfierd, sadat de resultaten net betrouber binne. Dat docht bliken út ûndersyk fan de universiteit fan Maastricht. “Kwaliteitsproblemen in het wetenschappelijk onderzoek zijn niet nieuw,” seit ûndersyksliedster Laure Wynants, “maar op deze schaal hebben we het nooit eerder gezien.” Hja wiist derop dat der in grutte kâns is dat ûndersikers troch de opset fûn hawwe wat hja ferwachten te finen.

Frou Wynants en har kollega’s hawwe 107 ûndersyksbeskriuwings dy’t te krijen hawwe mei it koroanafirus kritysk besjoen. It giet om tige ferskillende ûndersiken, bygelyks nei de kâns dat it firus him ferspraat en nei de ferskillende kânsen om oan koroana te stjerren by smokers en by net-smokers.

Foar in part komt de ûnbetrouberheid trochdat it wurk te hastich publisearre is, seit de ûndersykster. Fierders lûke in soad wittenskippers konklúzjes op basis fan te lytse ûndersyksgroepen en soms binne de resultaten sa ûntrochsichtich opskreaun dat net nei te gean is hoe’t de konklúzje lutsen is. Neffens frou Wynants binne de stúdzjes oer it generaal ûngeskikt om der belied op te basearjen.

Der binne de ôfrûne moannen sa’n fyftichtûzen wittenskiplike artikels ferskynd dêr’t ûndersyk nei koroana yn beskreaun stiet. Wrâldwiid binne wittenskippers yn in heech tempo ûndersyk oan it dwaan en dêr stikken oer oan it skriuwen. Ornaris duorret it folle langer foardat ûndersiken útfierd binne en foardat der in artikel oer ferskynt.

It ûndersyk fan frou Wynants en har kollega’s is beskreaun yn it tydskrift The British Medical Journal. Klik hjir om it te lêzen.

augustus 1, 2020 21:22
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.