Protte mûlekapkefersmoarging fan natoer Waadeilannen

augustus 3, 2020 13:06

Foto: Unsplash

De Waadeilannen hawwe der in nije foarm fan fersmoarging by. Rûnom lizze mûlekapkes. It giet meast om goedkeape fuortsmytdoekjes, dy’t toeristen op ‘e fearboat foar hawwe moasten en dy’t hja nei oankomst op it eilân fuortbruie of by fersin ferwaaie litte.

Boskwachter Cynthia Borras fan Skiermûntseach fertelt yn it Dagblad van het Noorden dat de kapkes rûnom fertoarke binne: “langs de fietspaden, op straat in het dorp, in de vogelkijkhut en op het strand”. Nêst om kapkes giet it ek om keunststoffene fuortsmytmoffen.

“Ik zie ze zo regelmatig dat ik wel wanhopig begin te worden”, seit frou Borras. Neffens har mei de soarch om it koroanafirus der net ta liede dat wy ús net om miljeufersmoarging bekroadzje.

De boskwachters op ‘e Waadeilannen konstatearje fierder dat der in soad húskepapier yn ‘e dunen leit. Hja tinke dat minsken benaud binne dat se yn húskes it koroanafirus oprinne en dêrom mar bûtendoar skite.

augustus 3, 2020 13:06
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.