Previnsjeakkoart Súdwest-Fryslân

augustus 11, 2020 08:53

Sûnensproblemen foarkomme of oanpakke as dy noch lyts binne. Dat is in wichtich punt yn it previnsjeakkoart ‘Mei-inoar dwaan, mei-inoar sûn’ fan de gemeente Súdwest-Fryslân.

Foto: morguefile.com

“Wy fine it wichtich dat ús ynwenners fysyk en mentaal sûn binne”, seit wethâlder Gea Wielinga. “Dat ús gemeente in omjouwing is dêr’t minsken graach wenje, wurkje en genietsje.” Dêrom stipet de gemeente de útgongspunten fan it Nasjonaal Previnsjeakkoart, dat sûn hâlden en dragen stimulearret. Wichtichste punten yn dat akkoart binne it tsjingean fan smoken, te folle alkohol drinken en oergewicht. Súdwest-Fryslân hat ek omtinken foar oare tema’s dy’t wichtich foar de sûnens binne.

“Tink dan oan dat minsken it finansjeel op oarder hawwe. En oan saken as lêze en skriuwe kinne, en op in kompjûter wurkje. Want dan kinne minsken makliker meidwaan yn de maatskippij”, seit Wielinga. “Wichtich is ek it hawwen fan ‘weardefolle relaasjes’, lykas famylje en freonen, dy’t jin stypje kinne yn lêste perioaden.” It doel is elkenien, fan jong oant âld, te stimulearjen om sûn te libjen. Wielinga: “Ekstra omtinken hawwe wy foar ynwenners by wa’t dat net fansels giet.” Dochs kin in gemeente net alle problemen en sûnensfraachstikken oplosse. “Dêrom wurkje wy gear mei ferskate oare organisaasjes, lykas soarchynstellings, wenningkorporaasjes, skoallen, sportklups en soarchfersekerders.”

In foarbyld is it projekt Cool Súdwest, om te besykjen it gebrûk fan alkohol en oare genotmiddels troch jongelju minder te meitsjen. Of de Fitale Regio, in gearwurkingsferbân yn fiif kearnen (Koudum, Warns, Molkwar, Starum en Hylpen) om âlderen mei demintens sa lang mooglik selsstannich wenje litte te kinnen, mei in goede kwaliteit fan libben.

“Previnsje is wichtich”, seit Wielinga, “want previnsje giet oer it foarkommen fan problemen of it oanpakken fan problemen as se noch lyts binne. Previnsje hat net as doel om soarch, help en stipe foar te kommen. Dat is net helber. Mar as it slagget om it tal soarchfregers mei in pear persint nei ûnderen te bringen, giet it wolwêzen fan ynwenners omheech.”

augustus 11, 2020 08:53
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.