Popke van der Zee ferstoarn

augustus 10, 2020 22:29

Popke van der Zee

Akteur Popke van der Zee is sneon ferstoarn. Hy is 64 jier wurden. Van der Zee wie al in skoftke slim siik.

Van der Zee wie learaar Ingelsk op it Bogerman College yn Snits. Dêrneist wie er betûft amateurtoanielspiler. Hy hat ferskate kearen meidien oan it iepenloftspul yn Jorwert. Hy spile ek yn skoaltelefyzjeprogramma’s fan Omrop Fryslân.

Nei’t Van der Zee earder opholden wie mei wurkjen, stoarte er him folslein op it teäterwurk. Hy spile yn grutte produksjes as de ‘Tocht van Morgen’ en ‘Lab Molke’. Mar ek yn lytse yntime foarstellings as ‘Juster is fuort’ mei Hilly Harms oer demintens en ‘Foar dy, nei dy’.

‘Foar dy, nei dy’ gie oer it ferlies fan in bern. Popke van der Zee en syn frou Wieke de Haan ferlearen sels yn 1999 in berntsje: Piter fan hast twa jier. Hy ferdronk yn de feart achter harren hûs. Yn ‘Finster op Fryslân’ fertelde Van der Zee yn 2017 oer dat ferlies en oer poëzy fan Douwe Tamminga dy’t him ta treast wie.

Boarne tekst en foto: Omrop Fryslân

augustus 10, 2020 22:29
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.