‘Pieterpedia’
‘Pieterpedia’
Wa sjongt dit?
Yn hokker jier kaam dy film út?
Hoe hjit dy aktrise?
Mei wa is se troud?
Wa hat it wrâldekord reedriden op de 1500 meter?
Wa hat dizze musyk komponearre?
Wêrom is in maraton 42 km en 195 meter?
Wat is in ‘cash cow’?
Net te leauwen, hy wit it allegear.
Mar hokker berop in ‘doula’ útoefenet
en wa’t de skriuwer is fan Le petit prince
ja, dat wist Pieter net
en ikke lekker wol 😉
Folkje Koster
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje