Peazens-Moddergat en Wierum

augustus 16, 2020 12:01

Toeristyske tip

Yn de noardeasthoeke fan Fryslân lizze in oantal doarpkes dy’t wier wol nijsgjirrich binne, net allinnich om’t der nochal wat bard is eartiids, mar ek om’t se hjoed-de-dei mei harren omkriten in moai lânskip foarmje. Se lizze oan de iene kant fan de seedyk en oan de oare kant leit in part fan de Peazenserpolder en fansels it Waad. Op de dyk kin men twa waadeilannen sjen: It Amelân en Skiermûntseach.

Peazens en Moddergat wiene oarspronklik twa doarpkes mei in seeslinke der tuskenyn, mar it is no ien mienskip. Wierum leit wat fierderop oan de dyk. Yn Peazens wennen eartiids benammen boeren en wat fiskers en yn de oare twa benammen fiskerlju. Yn de 19de iuw hiene se dêr yn beide plakken in grutte fiskersfloat mei blazers en aken.

Yn de nacht fan 5 en 6 maart 1883 fergie in grut part fan de float fan Peazens-Moddergat, mei 17 skippen, yn in fleanende stoarm. 83 fiskers, faak ek noch út in selde húshâlding, ferûngelokken en lieten in soad widdowen benefter. Tsien jier letter, yn desimber 1893, barde itselde mei de float fan Wierum. Fannijs ellinde en fertriet en noch mear earmoede. Hoewol’t der in lanlike aksje op tou set waard, kaam de opbringst fan 150.000 gûne net echt by de neibesteanden terjochte. Wat dat oanbelanget is der noch net safolle feroare.

Ta de neitins fan de ramp waard in 1958 yn Moddergat op de seedyk in monumint set, mei dichtrigels fan Douwe A. Tamminga derop. Foar it monumint oer stiet in museum, it Fiskershúske, besteande út fjouwer húskes, Blaes, Logger, Aek en Klaskes Húske, mei alderhande oantinkens oan dy tiid.

‘t Fiskershúske; boarne Wikimedia Commons

Yn Wierum stiet foar de tsjerke oer ek in stânbyld, de Wjirmdolster fan Hans Jouta, dat in frou útbyldet dy’t wjirmdolle sil. Op de dyk stiet in moai monumint, dat te krijen hat mei de ferskriklike ramp en it ferlies fan de 22 fiskers.

De Wjirmdolster © Matthijs Verkuijl

In oanrieder is fansels om dit gebiet net allinnich te besjen en te genietsjen fan it prachtige útsjoch op it Waad, mar ek om it boek te lêzen fan Durk fan der Ploeg: Foarby it Boarkumer fjoer. Dêr wurdt dat drama wiidweidich yn beskreaun en de striid om nei de ramp wer de fuotten ûnder it gat te krijen.

Njonken dy plakken is it ek de muoite wurdich om by de Fûgelpits, krekt bûten Moddergat, lâns te gean. Dêr wurde sike fûgels opheind en, foar safier’t dat mooglik is, behannele mei in soad geduld en passy. Moai mar dreech wurk. dat net sûnder donaasjes kin.

Matthijs Verkuijl

augustus 16, 2020 12:01
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.