Oprop oer grêf Kening Aldgillis

augustus 19, 2020 14:34

It symboalyske grêf fan Kening Aldgillis sa’t it wie (foto: Romke Kroondijk)

Bêste Friezen,

Der is wat frjemds mei it grêf fan Kening Aldgillis oan de hân. It lei der altyd sa kreas by doe’t de studinteferiening der noch nei omseach, mar no is it in soarchlik “soadsje”. Nei myn berjochten oer de wyldgroei fan túch, hat de gemeente Súdwest yngrepen en it skjin oplevere. Tige tank dêrfoar.

Mar no docht dúdlik bliken dat der wat mei de stiennen oan de hân is. Dy lizze net mear teplak en in mannich binne ferdwûn. Hoe kin dat sa kommen wêze en is der noch wat te ferhelpen? Is it in monumint of samar in betinksel? Hawwe wy as Friezen noch wat mei ús skiednis en wolle we dit betinksel behâlde? Ik freegje it oan in oantal ynstânsjes en media. Kinne jim helpe om de skiednis fan Fryslân wer op te laapjen?

Graach oandacht oan myn oprop.

Groetnis,

Romke Kroondijk, Koudum
06 – 51053347

Foto: Romke Kroondijk

Foto: Romke Kroondijk

augustus 19, 2020 14:34
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.