Op Skylge noch ien positive testútslach; gefal op Flylân

augustus 16, 2020 12:22

Op de tredde koroanatestdei op Skylge wie der noch ien positive útslach. De fakânsjegonger dy’t it oangie is mei spesjaal ferfier fan it eilân helle. Alle oare útslaggen wiene negatyf.

De ekstra testerij yn Midslân giet fan ’e middei en moarnier troch. Dêr wurde ynwenners en toeristen mei mylde klachten ferwachte. Minsken dy’t gjin klachten hawwe, hoege har net teste te litten.

Op Flylân is by it testen ek ien persoan posityf befûn. Dy hat ûnderwilens it eilân ek ferlitten. “It wie te ferwachtsjen”, seit boargemaster Tineke Schokker, “de fraach wie net oft it firus hjir kaam, mar wannear.” Gemeente en GGD dogge alle war om fierdere fersprieding foar te kommen. Op Flylân kinne de minsken by de húsdokters terjochte om test te wurden.

augustus 16, 2020 12:22
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.