Omrop Fryslân docht 20 jier nei dato ‘SimmerTime’ oer

augustus 28, 2020 08:51 Fernijd

Yn it jier 2000 wie mei Simmer 2000, en benammen it slotkonsert SimmerTime, hiel wat te belibjen. Tweintich jier letter docht Omrop Fryslân it nochris oer. Omrop Fryslân lit sneon 29 augustus deselde artysten it spektakulêre SimmerTime op ‘e nij útfiere. It konsert is de ôfsluting fan in simmer lang omtinken foar Simmer 2000 yn it programma Sneon yn Fryslân. Yn ferbân mei de koroanamaatregels is it konsert diskear allinne fia radio en telefyzje te folgjen.

Foto: Omrop Fryslân

De Kast, Piter Wilkens, Albert Bonnema en Maaike Schuurmans komme op 29 augustus nei Boazum om it magyske konsert nochris oer te dwaan. Sneon yn Fryslân is dêr live by, alles is foar eltsenien live te folgjen fan 13.00 oant 18.00 oere op radio en telefyzje by Omrop Fryslân.

Simmer 2000 is in begryp yn ús provinsje. Trije wike lang waarden der tal fan aktiviteiten organisearre. Friezen om utens kamen mei Simmer 2000 werom nei Fryslân. Dy trije wiken mei eveneminten, eksposysjes en foarstellingen waarden ôfsletten mei in grut slotkonsert mei optredens fan De Kast, Rients Gratama, Piter Wilkens, Maaike Schuurmans en Albert Bonnema.

Presintator en ferslachjouwer Geert van Tuinen is inisjatyfnimmer fan dit projekt by Omrop Fryslân: “Wy binne der efter kommen dat Simmer 2000 en de muzyk noch hieltyd libje. Alles kaam dat jier byinoar yn in prachtige konsert en dus moast dat der dit jier ek komme.”

Simmer 2000 yn 2020
Yn de simmer fan 2020 seach Omrop Fryslân acht wike lang werom op dy magyske simmer. Dat feestlik weromsjen begûn sneon 11 july mei in lokaasjeútstjoering yn Boazum. Fierders binne der alle sneonen yn it radioprogramma Sneon yn Fryslân ferskate reportaazjes oan bod kommen en gasten yn de studio ûntfongen. Mei in grut slotstik kommende sneon wurdt de weromblik op in heuchlike wize ôfsletten.

augustus 28, 2020 08:51 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.