Olaf Vos nije koördinator Centrum Groninger Taal & Cultuur

augustus 30, 2020 08:57

Mei yngong fan 1 septimber 2020 is Olaf Vos de nije koördinator fan it Sintrum foar Grinslânske Taal en Kultuer (CGTC). Hy folget Thijs Torreman op dy’t fan jannewaris 2019 ôf de funksje fan koördinator by it CGTC útoefene. Vos is sûnt begjin dit jier wurksum foar CGTC as streektaalkonsulint ûnderwiis. Neist it ûntwikkeljen fan lesmateriaal foar primêr en fuortset ûnderwiis sil er as koördinator de publyksôfdileing fan CGTC oanstjoere.

Olaf Vos (foto: David Vroom)

Leafhawwer fan it Grunnegs
Olaf Vos, berne yn 1972 yn Delfsyl en opgroeid yn Meedhuzen, is grut leafhawwer en promoator fan it Grinslânsk en is goed fyftjin jier aktyf yn it Grinzer fermidden. Yn 2003 rjochte er de Grinzer muzykband Bond tegen Harries op en sûnt dy tiid besteget er hast al syn (frije) tiid oan it Grinslânsk. By RTV Noard presintearre er fiif jier lang it programma Grunnegers en hy is ek sjonger/rapper fan de Grinslânsktalige band VanDeStraat.

Mei ien foet yn it ûnderwiis (dosint wiskunde) en troch it jaan fan taalkursussen, it oersetten en skriuwen fan Grinslânske teksten en muzyk en it útfieren derfan, slagget it Vos ûnderwilens al jierren om it Grinslânsk oer te bringen oan in breed publyk. By jong en âld en sawol binnen as bûten de provinsje. As koördinator en streektaalkonsulint by CGTC kriget er de kâns om him noch fierder yn it Grinslânsk te ferdjipjen.

CGTC
It Bureau Groninger Taal en Cultuur van de Ryksuniversiteit Grins en it Huis van de Groninger Cultuur wurkje sûnt 1 jannewaris 2018 gear ûnder de namme Centrum Groninger Taal & Cultuur, yn it koart: CGTC. As provinsjale ynstelling is CGTC it loket foar ymmaterieel erfgoed yn ’e provinsje Grinslân. Neist in advisearjende rol hat CGTC in wichtige publyksfunksje as it giet om it bekendmeitsjen en stimulearjen fan de Grinslânske taal en kultuer. It wittenskiplik ûndersyk dat CGTC, safolle mooglik mei de Grinslanners, docht nei taal, kultuer en skiednis fan Grinslân wurdt presintearre yn firtuele en fysike publyksaktiviteiten. Mear ynformaasje oer de misje, de aktiviteiten en de projekten fan CGTC is te finen op www.cgtc.nl.

augustus 30, 2020 08:57
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.