It ferhaal fan de Frysktalige donorfolder

augustus 19, 2020 19:44

troch Chris van Hes

It wie by de Algemiene Ledegearkomste fan de FNP yn novimber 2019 dat immen der my op wiisde dat der noch gjin Frysktalige ynformaasje is oer de donorregistraasje, wylst dy der wol yn acht oare, úthiemske talen is. Ferhip!, tocht ik, hjir wurdt hiel terjochte in wichtich punt oansnien. By de neisit hawwe wy it wiidweidich oer de kwestje hân en haw ik tasein om it fierder út te sykjen.

Sadwaande bin ik de tiisdeitemoarns dêrnei nei it gemeentehûs taset. Dêr waard myn fermoeden befêstige: gjin ynformaasje oer donorregistraasje yn it Frysk. Op it ynternet kaam ik ek al net in stap fierder. Hollânske ynformaasje by de rûs; yn in stikmannich oare talen wie dy ek beskikber. It die my nuver oan dat der gjin Fryske ynformaasje beskikber wie.

Dêrom ha ik yn jannewaris kontakt opnommen mei it CIBG, mei de fraach om Frysktalige ynformaasje oer donorregistraasje. It andert wie dúdlik: soks is net foarhannen. Mocht ik dêr beswier tsjin hawwe, dan koe ik der in klacht fan meistje by de klachtekommisje. Somtiiden moatte jo as Fries efkes trochsette, wy hawwe ommers in ‘underdogposysje’, en dêrom soene wy net skruten wêze moatte foar klachtekommisjes ensafuorthinne. Nei wat hinne en wer e-mailen ha ik dochs in formele brief op papier set, dêr’t ik ûnder oaren yn ferwiisde nei it Hânfêst foar regionale en minderheidstalen. By it CIBG kaam ik foar de winige doar. De argumintaasje dêrta wie: jo, as Fries, moatte foldwaande it Hôllansk behearskje om de folder lêze te kinnen.

Op it stuit dat ik dat lêzen hie, rûn ik op sokken, mar de klompen yn it hok brutsen my. Want wêrom hoecht in Dútser, Arabier, Turk of Frânsman nét dyselde ynformaasje yn it Hollânsk ta him/har te nimmen, lykas in Fries dat moat? Hja wenje dochs ek yn Nederlân? Krektsa as de Friezen. Dêrmei binne de oare talen ek oerstallich, soene jo sizze.

Om’t dy klachteproseduerre yntusken seis wike tiid – en dêrmei in soad enerzy – nommen hie, soe ik it byltsje der hast by dellizze. Oant myn telefoan op in sneintemiddei yn febrewaris hiel mâl die. Ik krige wol sân e-mailberjochten mei byhearend lûd efterinoar. Soks lûkt jins oandacht wol hiel bot fansels. It wiene mails fan de plakferfangend direkteur Schayik. Yn de earste mail skreau er: ‘Volgende keer maar vragen met welke nationaliteit hij in zijn paspoort staat.’ 🙂
De oare seis mails wiene fersiken om de earste mail te wiskjen. De ôfstjoerder hie nammentlik trochkrige dat ik ek ien fan ûntfangers wie – en dat er mei dy útspraak folslein mis siet.

Mei it lêzen fan dy tekst gie my de kofje oer de tafel. Net te leauwen! Yn ien klap hat dy Schayik fan in taalkwestje in nasjonaliteitskwestje makke. Hy makke it persoanlik: hy kaam oan wa’t ik bin. Mei syn mail sei er eins: de Friezen moatte harren gau de snút hâlde, hja binne ommers Nederlânders, sjoch mar efkes yn jimme paspoart.

Neist guon minskerjochten dy’t er skeinde – nettsjinsteande dat er formeel it gelyk wol oan syn kant hat – giet er him hjirmei te bûten. In útfieringsorganisaasje fan it Ryk mei soks net dwaan. Ik kin it him net kwea-ôf nimme dat er neat wit fan myn Ferklearring fan Ofstân, de man wit fansels net better. Dochs lit er mei sokke teksten sjen dat er de Friezen as etnyske minderheid mei in eigen taal net erkenne wol.

Net lang dêrnei is yn in bestjoersgearkomste fan de Jongfryske Mienskip ôfpraat om dêr dizze kwestje fierder oan te pakken. By it CIBG krigen wy nul op it rekest. Dêrmei waarden wy wol twongen om nei oare opsjes te sykjen. De Ljouwerter Courant wie gau reewillich fûn om der in ferhaal oer te skriuwen. Nei in goed petear mei de sjoernalist – en twa dagen letter in goed stik yn de krante – krige it grutte publyk it ferhaal ûnder eagen. Ut de wiidweidige reaksjes dy’t ik krige, wie goed te merkbiten dat it in soad Friezen dwers siet dat Schayik (en dêrmei it CIBG) ús as Friezen net serieus nimt.

Net folle letter krige ik telefoan fan deputearre Poepjes. Sytske begriep de emoasjes fansels hiel goed, mar los dêrfan wie se ek fan betinken dat der gewoanwei in Frysktalige folder komme moast, om’t dy ek yn oare talen ferskynd wiene. De deputearre hat har der wier hurd foar ynset. Nei in deimannich krige ik alwer telefoan: de saken binne regele en der komt in Frysktalige ynformaasjefolder. Yntusken hiene oare kranten it berjocht oernommen en waard it ferhaal wat langer wat grutter. It stiet deputearre Poepjes te priizgjen hoe’t se it behannele hat: de gong fan saken doogde net en wy breidzje it rjocht. De provinsje betellet soks net, de fout leit by it Ryk – en dêrmei basta.

It resultaat wie al gau te merkbiten: nei in wike of wat wie der in digitale ferzje fan de ynformaasjefolder beskikber. De papieren ferzje moat noch printe wurde. Nei de simmer soe dy ek klear wêze, waard tasein. Fierder soe der ek in ekskúsbrief fan de hear Schayik komme, want hy hat útspraken dien dy’t gewoanwei nét kinne.

Sa komt fan yn lyts petearke by in AL in hiel spul op de hispel. Wy moatte ús as Friezen net langer op ’e kop skite litte. Wy hawwe in erkende taal, in prachtige kultuer, in iepen hâlding, in skiednis en in sosjale koheezje. Dêr moatte wy sokken as Schayik út noch yn gjin ôfbrek oan dwaan litte. Dit ferhaal is fansels in hiel lyts sukseske, benammen troch ynset fan de LC, de JFM en de deputearre, mar it kin faker en mear. Wy meie ús, as Friezen, dêrom wolris faker hearre litte.

Chris van Hes, De Jouwer
Heit, man en skoalhaad
Foarsitter Jongfryske Mienskip

 

De tekst fan de folder is te finen op www.donorregister.nl/voorlichtingsmateriaal/fries

augustus 19, 2020 19:44
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.