Oan it hert – dokumintêre

augustus 12, 2020 09:21

Twa Grinslânske genetisy ûntdutsen yn 2010 in libbensbedriigjende hertsykte, dy’t foaral yn Fryslân, de Noardeastpolder en Noard-Hollân foarkomt. It blykt om in erflike oandwaning te gean, dy’t út Dútslân wei nei Nederlân kaam is en ûnderwilens by 1500 minsken fêststeld is.

Foto: NTR

Neffens rûzing binne der noch inkelde tûzenen minsken dy’t it gen drage, mar by wa’t it noch net ûntdutsen is. De dokumintêre Aan het Hart behannelet út it perspektyf fan famyljeleden wei in stikmannich etyske tema’s oer erflik ûndersyk, privacy, medyske testen en wol of net yngripen.

Nei it drûchlizzen fan de Sudersee is de heit fan Marian ien fan de earste boeren dy’t in bedriuw begjint yn de nije Noardeastpolder. Syn frou en hy krije seis, op it each, troch en troch sûne bern. Marjan is de tredde. Hja is it hûs al út as har jongste broer hertklachten kriget. As er mei freonen op Skylge kampearret falt er ûnferwachts del en ferstjert yn ’e âldens fan 25 jier. Twa dagen nei syn dea stjert ynienen ek syn heit; ek troch in hertstilstân. Is der in ferbân? Dochter Marian lit, tegearre mei ien fan har bruorren, ûndersyk dwaan troch in kardiolooch yn ’e hoop antwurd op harren fragen te krijen. Sit der soms wat yn ’e famylje? Ynearsten wurdt neat fûn.

Foto: NTR

Pas jierren letter, yn 2010, wurdt it gen fûn dat PLN-gen neamd wurdt. Dy erflike eigenskip blykt ferantwurdlik foar de hertsykte yn Marians famylje. Alle dragers binne werom te lieden nei deselde stambeam. As it yn jins famylje foarkomt, is de kâns dat je it gen hawwe likernôch fyftich persint. Undúdlik is hoe fluch oft it hert by gendragers oantaast wurdt. Marian is drager fan it PLN-gen, lykas trije fan har bruorren en susters. Ien suster woe har net teste litte.

Regisseur Mirjam Bartelsman praat yn ’e dokumintêre Aan het Hart mei tsientallen famyljeleden fan Marian, oer de erflike ‘lêst’ dy’t sy (mooglik) by harren dragen en harren motivaasje om dêr wol of net op yn te gripen.

Yn Nederlân binne nei alle gedachten tsientûzenen minsken dy’t it gen fan in erflike sykte drage. Neffens rûzing lit fjirtich oant sechtich persint fan minsken yn risikofamyljes gjin genûndersyk dwaan. Hja stean om ferskate redenen bewust de ûnwissens.

Utstjoering: moandei 7 septimber om 20.25 oere by de NTR op NPO2.

augustus 12, 2020 09:21
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Jack augustus 14, 13:43

    Am I one of them

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.