Noardlik Filmfestival giet troch mei Drive-in-Cinema

augustus 25, 2020 09:16

It Noardlik Filmfestival stiet plend foar 11 o/m 15 novimber 2020. Om it festival trochgean litte te kinnen en safolle mooglik minsken op in koroanafeilige wize fan films genietsje te litten, wurdt fiif dagen lang in grutte Drive-in-bioskoop op it Wilhelminaplein yn Ljouwert optúgd.

Ofbylding: Noardlik Filmfestival

“De Drive-in-bioskoop is it perfekte alternatyf foar film- en festivalbelibbing yn koroanatiid”, seit artistyk lieder Fredau Buwalda. It is in ‘old-skool’-konsept mei nostalgyske sjarme, mar tagelyk relevanter as ea, want it biedt in yntime, feilige en ferantwurde, mar dochs ek unike, grutskalige en mienskiplike belibbing fan film op grut doek, sa’t it heart.

Troch de hjoeddeiske koroanamaatregels wurdt de publykskapasiteit yn ’e filmsealen, dêr’t it festival gewoanwei holden wurdt, drastysk minder. Yn Slieker, dêr’t op it stuit wer gewoan films fertoand wurde, kinne no by in film op syn meast 53 minsken in plak krije op de 162 stuollen dy’t it filmteäter mei trije sealen telt. Yn Stedsskouboarch De Harmonie kinne aanst likernôch 500 minsken talitten wurde, ferdield oer de trije grutte sealen. Mei de Drive-in-Cinema wurdt in part fan it tekoart opfongen en kinne benammen ek kwetsbere minsken op in folslein koroanafeilige manier it festival belibje.

Foar de Drive-in-bioskoop set de organisaasje op de fiif jûnen fan it festival in grut doek fan wol fyftjin meter op it Wilhelminaplein foar it Frysk Museum. Dêr passe dan hast hûndert auto’s mei genôch tuskenromte. Mei’t it yn novimber al ier tsjuster is, wurde der alle jûnen twa films fertoand. It lûd komt binnen fia in radiofrekwinsje. Foar it foarprogramma, it ynrydprogramma, wurdt gearwurking socht mei oare kulturele partijen en makkers. Tagongskaarten sille om de 25 euro de auto kostje. Idealiter genietet men mei twa persoanen yn in auto fan de film.

Om de publyksstreamen yn De Harmonie en Slieker te sprieden en te regulearjen, soarget it festival foar in oanpaste programmearring. Dêrby sille de yn- en útrin fan de ferskate sealen nea tagelyk wêze. De kaartferkeap wurdt dit jier folslein online holden en op ’e festivallokaasjes wurde ferskate maatregels nommen om it sa feilich en ferantwurde mooglik ferrinne te litten. Dêr wurdt ek op de eigen ferantwurdlikheid fan de besikers rekkene.

augustus 25, 2020 09:16
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.