Nijsgjirrige boukavelekspedysje Weststellingwerf

augustus 2, 2020 14:48

Yn Weststellingwerf is in boukavelekspedysje opset om fakânsjegongers en elkenien dy’t der belangstelling foar hat sjen te litten watfoar boukavels yn Noardwâlde en Wolvegea beskikber binne. Wethâlder Hanneke Zonderland joech ôfrûne sneon it startsein. Op ’e fyts makke se in rûntsje by de kavels yn de Linewyk fan Wolvegea lâns.

Wethâlder Hanneke Zonderland trapet boukavelekspedysje ôf.

Fyts4deiskewolvegea hat twa rûten fan sa’n 25 kilometer ûntwurpen. De iene giet by de frije boukavels yn Noardwâlde lâns op de eardere Renbaanskoallelokaasje mei frij útsjoch op bosk en landerijen. De oare rûte begjint yn de Linewyk yn Wolvegea en giet by in grut tal kavels oan it wetter lâns.

Wenje op de kavels dy’t te besjen binne hat in soad oantrekliks. Weststellingwerf en omkriten is in rêstige regio mei in protte bosken, landerijen en wetter. Alle foarsjenningen lykas winkels, skoallen en sportakkomodaasjes binne fuortby. Dat makket it neffens de wethâlder in ideaal plak foar húshâldingen, âlderein en allinesteanden om te wenjen.

“In Weststellingwerf zijn wonen en recreëren synoniemen van elkaar. Wij kunnen wel vertellen hoe bijzonder wonen het in onze gemeente is, maar dat is iets wat je zelf moet ervaren. Daarom hebben we deze bouwkavelexpeditie opgezet. De route gaat natuurlijk langs de bouwkavels, maar ook door de natuur en andere bijzondere plekken in de regio”, fertelt wethâlder Zonderland.

Rûtekaarten
Yn augustus binne de rûtekaarten te krijen by ûnder mear Hotel Van der Valk, Paviljoen Driewegsluis, Tramhalteplein Noordwolde en tal fan rekreaasjebedriuwen yn en om Wolvegea en Noardwâlde hinne.

augustus 2, 2020 14:48
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.