Myn libben is yn jo hân…

augustus 2, 2020 07:00 Fernijd

Oertinking

Fakânsjetiid, miskien binne jo al wer thús, miskien geane jimme noch fuort. Mei al dat reizgjen kinne der in protte bibelteksten nei boppen komme. Reizgjen hat ommers faak in doel, pylger of net.

Ofrûne jier gie ik ek in pear dagen op reis; dit jier lit ik it oan my foarby gean yn ferbân mei de koroana. Mar ferline jier gie ik nei Denemarken, nei in lyts plakje oan see, Thorsminde. De see, de frijheid, wat hat men noch mear nedich? Op it strân gjin skelpen, mar stiennen, en ek dêr wiene de kerrels sân net te tellen… De weagen sloegen stikken op it strân, de see wie kalm doe’t ik der foar it earst swom. Oan de strânwacht hie ik frege oft ik fierder mocht as it tou dat foar de ynham spand wie. En rêstich swom ik fierder. No swim ik graach en faak yn iepen wetter. Mar de Iselmar is dochs krekt wat oars as de ûneinige see dêr yn Denemarken.

Ik liet my efkes dobberje en seach twa fiskersboaten dy’t nei de haven werom giene. Mar fierders wie it stil, it wetter wie rêstich, der wie gjin wyn, sels de seefûgels wiene stil. En yn dy stilte kin men goed neitinke.

Sa no en dan hawwe wy allegearre tiid nêdich om nei te tinken. Oer it libben, oer wat der bart, miskien yn jins eigen libben of wat der de ôfrûne tiid yn de wrâld barde. It kin te folle wêze… Ik swom werom nei it strân en de strânwacht winske my in protte sukses foar de oare dei. ‘De waarberjochten binne goed, net safolle wyn moarn!’ rôp er noch. Want dêrfoar wie ik dêr yn Thorsminde, de Thor Beach Triathlon.

De oare moarns om seis oere stie ik wer op it strân, wetsuit oan, badmûtse op en de ferplichte swimboei om ’e mul. Ik seach wer nei it wetter en tocht, dit is net myn swimwetter hjoed. Dat kin men sa ha, mar krekt as yn it libben, komme der saken op jins paad dêr’t men net omhinne kin. Deryn dûke en hoopje op it bêste. Ik hie gjin achthûndert kilometer riden om net te starten. De skipstoeter raasde en dêr giene we, in hiel ein de see op.

De weagen wiene sa heech dat it strân, de boaten en de boeien net mear te sjen wienen. Sa rêstich as it de dei dêrfoar wie, safolle lûden wiene der no. It wetter sloeg oer my hinne en ynienen waard ik kjel. As it djip is dêr’t men oerhinne swimt, kin it samar in stik kâlder wurde. Dan kin de panyk taslaan… krektlyk as der wat slims bart, sykte, fertriet, it missen fan ien dêr’t men fan hâldt. Panyk… Wêr is my hâldfest, wêr is dan dat leauwen?

Ik kom it yn myn wurk ek wol tsjin: wêr is God no as ik Him nêdich ha? Ik ha de antwurden ek net, mar kin allinich sizze hoe’t it by my giet. De grutte weagen, de kjeld, wat mear as men der tsjinyn giet, wat swierder as it wurdt. Soms is it goed om jin oer te jaan, jin iepen te stellen… ik wit it efkes net mear… God, myn libben is yn jo hân…

Dan draai ik my op ’e rêch yn it wetter, dobberje, om it sykheljen wer rêstich te krijen, en dan fernim ik, de stream nimt my mei… De stream yn ús libben, dat wat der ek komt, wy fernimme meie dat we net allinich binne. It hâldt net yn dat we mar gewoan dobberje moatte, men moat sels ek genôch dwaan om wer it sân ûnder de fuotten te krijen. Dat is hurd wurkjen. It wie ek in striid om de rjochting fan it strân wer te finen. Mei in klap waard ik troch in grutte weach op it strân smiten, sa… wer oan it wurk, do witst watst dwaan moatst. Yn myn gefal wie dat noch in ein fytse en in stik hurdrinne oer it strân hinne. Mar sels mei sokke gewoane saken, yn myn gefal de triatlon, it sporten… kin men wer it leauwe fiele. As de stream yn myn libben, myn libben is yn jo hân…

Ietsje de Boer, pastor Menniste Mienskip Damwald

augustus 2, 2020 07:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.