Muzykrûten SatelLiet yn hjerst 2020 werom

augustus 21, 2020 09:22

De organisaasje fan it sjongfestival ‘Liet’ set yn de hjerst fan 2020 it suksesfolle evenemint ‘SatelLiet’ fuort. De beide muzykrûten ‘SatelLiet’ wurde yn Aldebiltsyl en Koarnjum organisearre.

SatelLiet
Yn ’e rûte nei Liet 2020 (6 novimber 2020) wurdt SatelLiet opnij organisearre. Op freed 18 septimber en freed 16 oktober binne twa muzykrûten mei lytsere en gruttere optredens te folgjen. Yn septimber steane Fryske muzikanten en dichters yn Aldebiltsyl programmearre. Haadakt is Iris Kroes yn kultureel sintrum Aerden Plaats. Yn oktober folget Koarnjum, mei haadakt ZEA, programmearre yn Theater de Wier yn Koarnjum.

De fierdere programmearring fan SatelLiet is yn Aldebiltsyl mei winner Liet 2019, Sequence en in foarstelling fan dichters fan Dichterskollektyf Rixt. Yn Koarnjum steane ek dichters programmearre.

Sawol ZEA (Arnold de Boer) as Iris Kroes meitsje ek ûnderdiel út fan it muzykprogramma fan Liet 2020 yn novimber. Yn dat projekt wurde Fryske ferneamde artysten oaninoar keppele om in Frysktalich liet te meitsjen. It folsleine muzykprogramma, en ek de dielnimmers fan it sjongfestival, wurde letter bekend makke.

Kaartsjes (tagelyk reservearring) foar 18 septimber en 16 oktober à 10 euro kinne besteld wurde by de Aerden Plaats (Aldebiltsyl) en Theater de Wier (Koarnjum). Reservearjen is needsaaklik yn ferbân mei de RIVM-rjochtlinen yn it ramt fan koroana. Beide jûnen wurdt wurke mei lytsere dielgroepen. Nei it reservearjen krije bestellers harren startlokaasje fia de mail tastjoerd.

Koarte bio’s haadakts SatelLiet 
Iris Kroes (Drachten, 1992) is bekend wurden as de winneres fan it twadde seizoen (2013) fan it telefyzjeprogramma The voice of Holland. Sy makke dêrnei ferskate platen en spile yn binnen- en bûtenlân.

Sûnt 2017 ûntduts Iris har talinten yn songwritingcamps. Nei skriuwkampen yn Las Negras Spanje, organisearre Kroes ek har eigen songwritingcamps. Yn 2018 late dat ta it útbringen fan in soad nije muzyk. Sa skreau Kroes, tegearre mei songwriters Henk Pool & Heleen Roosdorp it twatalige liet ‘Surrounded by Water’, opnaam mei de bekende Fryske brassband De Bazuin út Oentsjerk. Dat liet is spesjaal skreaun foar de kulturele haadstêd Ljouwert-Fryslân 2018. Yn novimber 2019 brocht hja har EP No Fire út yn eigen behear. Mei har nije muzyk hat se mei band in tal konserten dien troch it lân. Yn april 2020 brocht Kroes de earste Nederlânske 8Dtrack ‘Brighter Day’ út. ‘8D-muzyk‘ klinkt as soe de harker yn in hiele grutte romte wêze en dêr’t muzyk fan alle kanten komt.

As artyst mei in soad ûnderfining (The Ex) ûntduts Arnold de Boer (Makkum, 1974), ek wol ZEA, pas by it âlder wurden it Frysk as taal om ferskes yn te skriuwen. Mei Moarn Gean Ik Dea hat Zea yn 2017 syn earste Frysktalige album opnaam. “Foar my is it emosjoneler en direkter, dêrtroch krije de nûmers ek oare ûnderwerpen. Boppedat sit yn de Fryske taal fan natuere in soarte fan melody. Harkje mar ris nei in Tsjêbbe Hettinga, dan wit men krekt wat ik bedoel, seit De Boer. Mei it Frysk skriuwen haw ik in doar iepene nei in keamer dêr’t ik noch net earder west hie. No’t ik wit dat dy romte bestiet, sil de doar altyd op in kier stean bliuwe”, fertelt er op de webside fan 3voor12.nl.

augustus 21, 2020 09:22
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.