Museum Belvédère organisearret keunstreis yn eigen hûs

augustus 13, 2020 08:51 Fernijd

Normaalwei gean de keunstreizen fan Museum Belvédère mei de bus nei oare musea, mar fanwegen de hjoeddeiske koroana-omstannichheden hat it museum de wurkwize omdraaid. Minsken wurde fan herten útnûge om by it museum te kommen foar in keunstreis yn eigen hûs.

Wurk fan Edith Auerbach (foto: Museum Belvédère)

De eksposysje Contre l’Oubli (‘tsjin it ferjitten’) stiet dêr sintraal by. Yn dat twalûk wurdt omtinken jûn oan it wurk fan Edith Auerbach en Frank Lisser yn relaasje ta de Twadde Wrâldoarloch. De útstalling wurdt holden yn it ramt fan it betinken fan 75 jier frijheid, frede en befrijing.

De Dútsk-Joadske keunstneres Edith Auerbach (1899-1994) waard yn ’e oarloch yn in kamp ynternearre. Nei de befrijng lei se de ferskrikkingen fan de holokaust fêst yn in rige oangripende skilderijen. Yn ’e útstalling binne ek optimistyske tekeningen dy’t se yn ’e jierren tweintich en tritich yn Parys makke.

De Nederlânske keunstner Frank Lisser (1959) skildere op fersyk fan syn mem in monumintaal portret fan har famyljeleden dy’t de oarloch net oerlibbe hawwe. Sa kreëarre er in sabeare byinoarwêzen dat harren ‘yn it echt’ nea jûn wie. It grutte skilderij wurdt presintearre yn in yntym kabinet mei húslike sfear, omjûn troch meubilêr en dokumintêr materiaal út it famyljeargyf fan Lissers mem.

Frank Lisser sil syn wurk en famyljeskiednis yn in lêzing taljochtsje.

It arranzjemint wurdt op in moandei oanbean, mei’t it museum dan ticht is foar reguliere besikers. Sa kin it museum garandearje dat de groep net te grut wurdt. Oare feilichheidsmaatregels wurde ek yn acht nommen, lykas sitplakken op oardel meter ôfstân faninoar, in rinrûte yn it museum en der wurdt soarge foar maksimale hygiëne. It folsleine tiim fan de keunstreizen sil oanwêzich wêze.

Kosten van de kunstreis
Kosten € 39,-, alles ynbegrepen as jo yn it besit fan in Museumjierkaart binne.
Kosten € 49,-, alles ynbegrepen as jo net yn it besit fan in Museumjierkaart binne.

Programma
09.30 oere                   ûntfangst yn Museum Belvédère mei kofje of tee en wat lekkers;
10.00 – 11.00 oere       lêzing troch Frank Lisser oer de famylje Elion;
11.00 – 12.00 oere       gelegenheid om de eksposysje te besjen, en/of fragen oan de keunstner te stellen;

Oanslutend in middeismiel yn it Museumkafee. De ein is likernôch om 13.00 oere.

‘De familie Elion’ fan Frank Lisser (foto: Museum Belvédère)

De tiden binne ûnder foarbehâld. Yn it dielnimmersbedrach binne museumyntree, lêzing, iten, drinken en in útjefte oer de famylje Elion ynbegrepen.

It takennen fan de beskikbere plakken bart op folchoarder fan oanmelding. Fol = fol. It oanmelden kin fia dizze link, telefoanysk of fia de mail op info@museumbelvedere.nl, ûnder fermelding fan namme, adres, postkoade, wenplak en telefoannûmer. By it fia de webside oanmelden fan twa persoanen, ek twa oanmeldformulieren ynfolje.

www.museumbelvedere.nl

augustus 13, 2020 08:51 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.