Meiminsklikheid
Resint ferskynd
Oertinking

boarne: pixabay.com
Fan jongs ôf oan haw ik al ynteresse yn minsken. Hoe begien, empatysk, meigeand, fleksibel, sosjaal en leafdefol oft se wêze kinne. Mar ek hoe ôfstanlik, rjochtlinich, (fer)oardieljend, asosjaal en agressyf oft se har opstelle kinne. As bern fielde ik my by guon typen net sa noflik en by oaren feilich. Aldergelokst learde ik wat it burgen-wêzen betsjutte kin en sa kaam ik derefter dat leafde sûnder betingsten nedich is om werklik minske te wurden.
Letter kaam ik yn ’e kunde mei de befêstigingslear fan psychiater Terruwe (*1). In frou dy’t yn har psychiatrypraktyk dúdlik makke dat alle minsken ferlet hawwe fan erkenning: de ûnderfining fan derta te dwaan en weardefol te wêzen. Elkenien hat behoefte om fan de oar befêstiging yn syn unisiteit (eigen aardichheden en mooglikheden) te krijen.
Om jin as minske ta folwoeksenens ûntjaan te kinnen is in betrouber netwurk needsaaklik fan minsken dy’t jin leafdefol befêstiging jouwe. Sa leart men om jinsels leaf te hawwen, om dêrnei dy ûnbaatsuchtige leafde wer oan oaren trochjaan te kinnen.
Mar wat bart der as dat proses ûntbrekt of dy wjersidichheid fan ûntfangen en skinken fêstrint? Terruwe lit sjen dat in tanimmend tal minsken dan ferfalt yn: selsbefêstiging (*2). Dy eigenje harsels om samar te sizzen de wurdearring ta. It gefolch is antysosjaal hâlden en dragen, dat him ûnder mear uteret yn narsisme, geweld en stribjen nei safolle mooglik genot en lust.
Yn alle religys wurdt in berop dien op barmhertichheid. It jin takearen nei de oar: meifielen blike litte, meiminslikens sjen litte. Jins neisten leafhawwe as jinsels is in oprop om ûntferming. Dat freget ús om ôf te sjen fan ús persoanlike belangen en gefoelichheden, om selsbefêstiging út ’e wei te gean en it goede te dwaan.
Wytze Brandsma, Gersleat
emearitus agooch-teolooch
*1 dr. Anna Terruwe (1911-2004).
*2 Gedicht ‘Selsbefêstiging’ út Brâning/Branding.
Selsbefêstiging
meiminslikheid
giet ferlern
dêr’t ûnferskillichheid
troch selsbefêstiging
berne wurdt
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje