Lyts houten skilderij mooglik dochs fan Rembrandt

augustus 31, 2020 08:26

In lyts skilderij út 1630, makke op in houten paniel, is miskien dochs fan Rembrandt. Ut ûndersyk blykt dat it hout fan deselde ikebeam ôfkomstich is as in earder wurk fan de grutmaster.

Selsportret Rembrandt van Rijn (foto: Wikipedia/Ryksmuseum – publyk domein)

It keunstwurk ‘Head of a bearded man’ waard yn ’e tachtiger jierren troch it foaroansteande Rembrandt Research Project beoardiele. Mar neffens de ûndersyksgroep gie it net om in echte Rembrandt. It wurk hat jierrenlang yn it depot fan it Ashmolean Museum yn Oxford stien. Oant yn 2015 An Van Camp kurator fan it museum waard en it lytse houten paniel fierder ûndersocht waard.

Van Camp hat altyd fermoede dat it paniel út har museum faaks dochs wol fan ’e hân fan Rembrandt komt, of yn elts gefal fan syn ‘skoalle’. “Dit is krekt wat Rembrandt docht”, seit se tsjin The Guardian. “Hy skilderet de hollen fan âlde manlju mei mankelike en yn tinzen fersonken blik, op lytse houten panielen. Dat is typysk Rembrandt yn 1630, doe’t er yn Leien wurksum wie.”

Van Camp liet it wurk ûndersykje troch Peter Klein, in spesjalist yn jierringen yn hout. Ut syn ûndersyk die bliken dat it houten paniel fan deselde ikebeam ôfkomstich is as ‘Andromeda’ fan Rembrandt, dat yn it Mauritshûs yn De Haach hinget, en fan it hout dêr’t ‘Portret van een oude vrouw’ op skildere is troch Jan Lievens. Dêr soe de mem fan Rembrandt op ôfbylde wêze. Beide wurken binne makke yn 1630, doe’t sawol Lievens as Rembrandt yn Leien wurken.

Oft dêrmei it bewiis levere is dat it ek echt om in Rembrandt giet, moat fierder ûndersocht wurde.

Besjoch it skilderij ‘Head of a bearded man’ by The Guardian.

augustus 31, 2020 08:26
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.